WJD april 2008

april 2008, Wisten Jo dat.......

- De redaksjeleden op de fergadering dôf wurde fan it lûd út it mobieltsje fan Enne?

- Wilma op de boat it ûnderguod wasket mei de slacentifuge?

- Lena Boonstra om har bril socht, mar him op hie?

- Anne Wiersma mei in read mûtske op yn’e ûnderwâl siet te wjudzjen, en dat buorfrou De Jong tocht dat der in kabouter yn de tún siet?

- Grietje hâlden en kearen hie om it prikboard yn Parregea foarelkoar te krijen omdat it sa hurd waaide?

- Parregea troch getoeter de minsken op de brêge noege foar de yntocht fan de wrâldkampioenen touwlûken?

- Piertje Jansen wakker útgebreid en enthosiast foar it rút stie te swaaien doe’t de toeterjende auto ferby kaam omdat se tocht dat de wâldkampioenen dêr yn sieten?

- Der in protte minsken by de brêge stienen om se op te wachtsjen en dat de mannen ek noch in frachtwein fan It Skil oer de brêge lûke moasten foardat se feest fiere gienen yn Us Jister?

- Hyltsje fallen wie en dertroch syn earm yn it gips ha moast.En hy bliid wie dat it syn rjochter wie omdat er links is?
- Hy net bliid wie dat er gjin sjekjes mear draaie koe, en Tietsia dit ek net foar him dwaan woe omdat se fûn dat dit in goede manier wie om fan it roken ôf te kommen?
- Hyltsje doe in masine kocht wermei hy jouns de sjekjes draait foar de oare deis?

- Jeroen en Peter Bouwhuis in crossauto ha en dat dit in djoere hobby is, foaral as je mei in soad gang oer it hiem ride en dan tsjin de auto fan je alders tot stilstân komme?
- Gonnie de klap hjerde en der daliks hinne draafde en de skea opnaam en doe nei Tjitte gie?
- Tjitte allinne mar tsjin Gonnie sei;”dat tocht ik al…”.

- Johan en Elly in houten flier besteld hiene. Omdat de âlde flier strie min wie moast der earst in betonflier yn. Dizze moast 8 wiken droegje sadat de neie flier earst net lein wurde koe?

- Famylje Abma sûnder Teade nei in brulloft gie en dat by thús komst bliek dat de doar op slot siet en de kaai net mei nommen wie, en dat Teade op gjin enkele manier wekker te kreien wie?
- Joop Ruardi doe in ledder ophelle en troch it iepensteande rút Teade wekker prebearre te meitsjen troch te roppen, mei stjinnen en skoan te goaien, mar dat dit ek net slagge?
- Der doe ien troch it iepene rút nei binnen gien is en doe de doar fan binnen út iepen dien hat?

- Boudewijn, Johan, Peter en Meine it hiene oer de moaiste frou fan Fryslân en dat dit neffens hun Doutzen Kroeze is?
- Meine rap der efteroan sei; “Op myn mem nei, natuerlik”.?

- Geke oan it stofsûgerjen wie en hieltiid in geklop op de muorre hjerde, mar net betinke koe wer’t dit lûd wei kaam. Doe’t se letter yn ‘e winkel kaam seach se in stâlle fan in snieskower foar it raam hinne en wer gean. Buten kommen hjerde se Fedde om hulp roppen?
- Fedde himself yn’e steech opslutten hie en al in heal oere om help ropte en op de muorren bûnsde?

- Gerrie Labordes yn in tv yntervieuw fertelde dat se Knoopkes it moaiste stripferhaal yn it nye stripboek fan Piter Wilkens fient omdat har dat oan eartiids tinken docht?

- Meine Cnossen in twadde hâns Subaru Vivio kocht mei in folle tank bensine, en dat die tank samar leech wie?
- Hy noch net in hiel protte riden hie en dus tocht dat der in dief by syn tank sitten hie?
- Hy der by it tanken efter kaam dat de bensine net stellen wie, mar dat der mar 20 liter yn de tank kin?