WJD apr 2009

April 2009, Wisten jo dat...

… in yngenieursburo mjittingen dwaan woe foar de nije fytstunnel by de Tynjestrjitte?

… de meiwurkers fan dat buro fan alles besochten om in gat yn de grûn te boarjen, mar dat              
     dat harren net slagje woe?

… der doe immen lâns kaam dy’t harren der fyntsjes op wiisde dat de froast noch yn de
     grûn siet?

… de hearen yngenieurs dêr dus net oan tocht hiene?

… der op in middei op de Horstwei in plysjekontrôle wie?

… dat fuort nei skoatiid barde en der spesiaal sjoen waard nei it dragen fan de gordels?
    
… hiel wat memmen jûns by de iterstafel fertelle moasten dat se in bon fan 90 euro
     krigen hiene?

… in wike letter nochris sa’n kontrôle hâlden waard en dat der doe wer ferskate memmen in
     bon krigen?

… Tsjalling de Jong op in sneontejûn nei ôfrin fan in feest yn Bolsert nei hûs fytse soe en
     ûntduts dat hy  in lekke bân hie?

… hy mei de fyts oan de hân troch Bolsert rûn, in plysjeauto seach, dêr op oan rûn en de  
     plysjes om in fytspomp frege?

… de plysjes gjin fytspomp hiene, mar wol sa goed wiene Tsjalling nei hûs te bringen?

… Tsjalling, doe’t hy dat thús fertelde, sei: ‘No haw ik ek ris yn in plysjeauto sitten.”?

… Johan Cnossen mei de jarretank efterút ried en net sjoen hie dat Meine syn auto dêr efter
     stie?

… Meine syn auto, in lytse Subaru, foar in grut part fan keunststof, nei de oanriding ‘total
     loss’ wie?

… Meine in dei letter mei de auto fan syn heit op paad gyng, by Brandoil tankte, en dêr fol
     gas efterút tsjin in peal ried?

… Gerard Bouwhuis út Warkum (foarhinne fan de Freerk Faberwei) op 16 maart it earste
     ljipaai fan de Fûgelwacht Parregea-Hieslum-Dedzjum fûn?

… Teade op in sneontojûn yn Snits betrape waard op ‘wildplassen’ en dat ‘wildplassen’ yn
     Snits tige djoer is?

… Teade in bon fan mar leafst 140 euro krige?