WJD jan 2009

  Januari 2009, Wisten jo dat...

… ús Doarpsfeest ek al bekend is yn it bûtenlân?
… de famylje Plassmann út Dútslân, fanwege it meitsjen fan fakânsjeplannen, fia Parregea.nl frege hat  wannear’t yn 2009 it Doarpsfeest hâlden        wurdt?  
… de hûnen fan Hessel en Reini op fakânsje west hawwe?
… Hessel en Reini neat fan dy fakânsjeplannen ôf wisten?
… se nei 5 dagen in tillefoantsje  út Snits krigen mei it boadskip dat se de hûnen wer ophelje koenen?
… de priis wol tige tsjin foel?
…Trienke Cnossen har klean ûnder de gymnastykles  op skoalle yn de doesj lein hie en dat se nei de les dweiltrochwiet wienen en Trienke de rest fan de dei yn har gymnastykklean yn de klas sitte moast?
… Arjen de Vries it by stoarmwaar yn syn ‘nije’ hûs, al is it isolearre, tige kâld hat en dat it ‘de stopkontakten út siigt’?
… Annemarie en Titus in krystpakket wûn hienen by de Jumbo yn Bolsert  en dat se doe foar de krante op de foto moasten?
… dat Dennis ûnder it kofjedrinken frege wat se der fan fûnen en dat Annemarie sei: ‘geweldich, super’ en dat Dennis doe sei dat dat net kloppe en dat it net super wie mar Jumbo?
… op de dei foar Kryst de brievebus fan TNT-post opblaasd is mei fjoerwurk, net allinne yn Parregea, mar ek yn Warkum, Dedzjum, Tsjerkwerd, Ferwâlde en Eksmoarre?
…Titus de post dy’t op strjitte lei mei nei hûs naam en by de brievebus in bryfke ophong foar TNT?
… doe safolle minsken harren krystpost by de famylje Graafsma yn de bus diene dat Titus it bryfke der mar gau wer wei helle hat?
… nei it krystfeest foar de bern de famylje Douwe Breeuwsma te wurrich wie om nei hûs ta te rinnen en dêrom mar mei de Frysker nei hûs gyng; der binne dochs net foar neat twa bushaltes yn Parregea?
… der by Jehannes Bakker yn Dedzjum in fôlle berne is dy’t de namme ‘Doede’ krige?
… Doede út skoalle wei hearde dat der in fôlle nei him neamd wie en fuort syn heit belle en sei: ‘heit, ik haw in hingstenamme’?
… Ron foar’t earst mei Rintsje te jeijen gyng en se harren ferskûlen yn in sleat?
… Rintsje, doe’t der in keppel guozzen oerfleach, stean gyng om te sjitten en dat hy doe troch it iis sakke en oan syn boarst ta yn it wetter stie, wylst syn gewear ek yn it wetter lei?
… Ron him helpe woe, mar dat Rintsje raasde: ‘wat bliksem, net helpe mar sjitte?
… Ron skeat en in goes rekke dy’t dea deldondere?
… Marieke opdroegen waard de goes te brieden foar it jûnsiten, mar dat dat gjin sukses wie, om’t de goes nei 4 oeren op it fjoer noch sa taai wie as in skoechsoal?
… Enne wat type woe op de komputer fan Jetske en Maaike en dat hy dêrby tige prottele?
om’t Jetske en Maaike op typles sitte, de letters ôfoplakt wiene en hy hast “Help’ nedich hie om de A en de B te finen?
… de man mei de hoed en it bleate liif dy’t mei die oan de ‘modeshow’ him net bekend meitsje woe?
… Tamme Rodenburg foar de ‘modeshow’ mei syn bleate liif op it biljert yn de Gearhing lei te droegjen?
… it dêrom net sa’n great probleem wie te rieden wa’t de man mei de hoed wie? 
… no’t de Pinfisker fernijt wurdt, Annie Breeuwsma yn de ww moat?
… Haye Huitema by Sam en Suze op nijjiersbesite wie en dat hy, doe’t Sam him fertelde dat hy in
elektryske tekken en in elektryske fyts hie, sei dat Sam wol in wynmûne yn de tún ha mocht?
… Harm Jan Abma graach in gesprek ha woe mei Simone Scheffer fan Omrop Fryslân?
… hy dêrom nei Omrop Fryslân belle en sei dat hy de soan fan Simone wie en frege oft syn mem ek yn de buert wie?
... Jan Bouwhuis nog ien kear in tekening makke hat foar de Pinfisker
... him dat net sa maklik mear âfgong as froeger
... wy ‘t mântsje ek best wol misse sille!