WJD oktober 2009

Oktober 2009, Wisten jo dat...
Frou Adema, nei Koudum ferhûze is en wy dus no in nije ‘âldste” hawwe ?
… de E.H.B.O.-ferieniging Parrega-Hieslum dit jier 50 jier bestiet ?
… nei 18 jier fokken fan Fryske hynders Eeltsje en Gonnie de Boer no in stjermerry ‘Vronie fan Nij Angterp’ hawwe en dat dit in feit waard op 9.9.09 op de hynstekeuring fan St Nyk ?
… Tjidze Dijkstra meidien hat oan de Kennedy Mars, in mars fan 80 km dy’t binnen 20 oeren rûn wurde moat ?
… dit in sponsortocht wie dy’t hy rûn hat foar de famylje Postma út Warkum dêr’t jild foar ynsammele wurdt om’t se graach in berntsje adoptearje wolle ?  
… start en finish fan de mars yn Wouterswoude wie en in grut súkses wurden is ?
… Erzsébet Roskam in broadtsje tsiis meinaam nei har wurk en der net troch hinne kaam doe’t se it opite woe en dat dat kaam om’t der noch in feltsje papier tusken siet ?
… Wieberen Plantinga sa grutsk as in pau wie om’t fjouwer fan syn bernsbern op de foarside fan de Ljouwerter stiene yn ferbân mei it mystearje fan de einepiken ?
 … dat mystearje noch hyltiten in mystearje is ?
… Zsuzsánna de Boer har soantsje Mike ferdroege en salve út in potsje op syn biltsjes smarde, dat dat potsje opiens ferdwûn wie en dat it nei in flinke syktocht werom fûn waard yn de ruft fan de lytse Mike ?