WJD feb 2010

Februari 2010, Wisten jo dat...?

… de website fan Parregea tige ynternasionaal besjoen wurdt, dat der allinne al yn de moanne desimber besikers wiene út Dútslân, België, Ingelân, Amearika, Kanada, Spanje, Australië, Poalen, Frankryk en Israël en dat de siden fan www.parregea.nl yn desimber mar leafst 3224 kear besjoen binne ?
… de damesfytsklub ferline simmer 585 kilometer fytst hat ?
… Geertsje Rodenburg de ruten fan Johan syn wenarke himmele, dat Johan har warskôge dat it wolris glêd wêze koe en hja net yn it wetter falle moast, dat, doe’t Johan yn de keuken in ammerke wetter helle, hy in plons hearde, nei bûten fleach en seach dat syn warskôging net holpen hie, dat Geertsje sels net út it wetter komme koe en dat Johan har as in ko op it droege lûke moast ?
… foar’t de tsjerketsjinst fan 27 desimber begûn, meidielt waard dat der in nije dûmny beroppen wurde soe en dat de beroppingsbrief troch de tsjerkeried persoanlik yn Hoarnstersweach oerhannige wurde soe, dat de nij te beroppen dûmny in frije snein hie en tafallich yn de tsjerke fan Parregea siet en fertelde dat hy net yn Hoarnstersweach mar yn Jobbegea wennet ?
… op Aldjiersjûn wer sa’n 5 einepiken fûn binne, dizze kear mei in briefke mei in nijjierswinsk der by, dat it einepikemystearje dus noch net ta in ein kommen is, mar dat der yn Parregea-súd in pear buorlju elkoar der fan beskuldigje der de hân yn te hawwen, mar dat de iene syn hân noch fierder yn it fjoer doart te stekken as de oare om syn ûnskuld te bewizen ?
… Aldjiersnacht rêstich ferrûn is, dat allinne in rút fan it bushokje sneuvele is en dat it by it carbidsjitten sa kâld wie dat der in flink fjoer nedich wie om de taskôgers waarm te hâlden ?
… Marco Breeuwsma (5 jier) ek carbidsjitte woe, dat beppe Annie frege wat der dan yn dy bus moast en dat hy andere: ‘No, beppe har gebit.’ ?
… it knallen mei jerrycans by Us Jister hast út’e hân rûn doe’t Teade, doe’t de jerrycan dy’t hy der foar klear makke hie nei 5 minuten noch net ûntploft wie, de bûtendoar iepen die om him nochris oan te stekken, mar dat op dat moment it ding ûntplofte, de lampe fan de w.c. stikken foel en hast alles wat oan de muorren hong nei ûnderen kaam ?
… it betiden yn Parregea spekglêd wie, dat Fedde dêrtroch by Eise en Anneke efter hûs mei auto en al yn de sleat bedarre en net út de auto komme koe, mar dat hy it gelok hie dat Titus efkes letter thús kaam en raar opseach doe’t hy in auto op’e side yn de sleat lizzen seach mei de holle fan Fedde út it rút fan de syddoar, dat Speerstra de auto út de sleat takele hat en dat de auto, om’t der safolle snie en iis wie, gjin skramke of dûkje oprûn hie, mar dat wy net witte hoe’t Fedde der ôf kommen is ?
…Jouke Bouma nei in rûntsje op de iisbaan wurch op it bankje delplofte en klage dat it riden him mar min ôfgyng, dat dat net kaam om’t it iis sa min wie, mar om’t hy fergetten hie de beskermers fan syn redens te heljen ? 
… Dedzjum ek in iisbaan hat op de Opfeart, dat dy baan op in snein yn jannewaris troch hast alle bewenners fan it doarp hielendal skjin fage is en dat der ek noch foar ljocht en musyk soarge waard ?
… Gatske fanôf 5 jannewaris hyltiten mei har fototastel rint te pronkjen, dat supergrutsk oan eltsenien sjen lit, dat je dan earst net witte wêrom, om’t se dat tastel al lang hat, mar dat dat ‘wêrom’ al gau dúdlik wurdt, dat Hille en Gatske nammetlik pake en beppe wurden binne fan Ilse, famke fan Ulco en Ineke, en dat lytse Ilse op dat fototastel stiet te pronkjen ? 
… Jinte mei in  fertrietlik ferhaal út skoalle kaam, dat se op skoalle ferteld hiene dat Jan Klaassen op it iis fallen wie en no neat mear wist ?
… dat Jolanda Bennie oan de tillefoan hie en frjemd opseach doe’t hy allegear leave wurdtjes tsjin har sei, mar dat it kwartsje al gau foel, doe’t bliken die dat hy, tagelyk mei it beljen, Riemer op bêd brocht en dat dy leave wurdtsjes dus net foar har bedoeld wiene ?
… Geertsje Rodenburg fergetten hie har lêsbril mei te nimmen nei tsjerke, dat Elske Labordus dat murk en Geertsje har reservebril liende, dat de wyks dêrop op de frouljusferieniging (ek Geertsje en Elske) itselde barde, dat der no op de frouljusferieniging in laatsje komt  mei reservebrillen en dat jo no witte wer’t jo der mei hinne moatte as jo in lêsbril oer hawwe ?