WJD april 2010

April 2010, Wisten jo dat...?

…Annie Breeuwsma yn desimber in jutesek oer har brievebus hie mei in A.H.-sek der ûnder foar de post en dat wy tinke dat dat wie om de post waarm te hâlden ?
… in groepke jonges, wêrûnder Marco Breeuwsma en Allard Rodenburg, oan it fuotbaljen wiene op it skoalleplein, dat Allard troch syn mem warskôge wie dat der minsken lâns komme soene op wei fan in begraffenis nei de Gearhing, dat Allard, doe’t se der oan rinnen kamen tsjin syn maten sei dat se efkes rêstich  en stil wêze moasten  en dat Marco doe frege: Wêrom dan, wa leit der te sliepen dan ?
… de frouljusferieniging fan Dedzjum al 50 jier bestiet en ek al dy 50 jier op tiisdeitejûn harren byienkomsten hâlden hat, dat se no opiens op moandeitejûn byelkoar kommen en dat dat komt om’t se in nije presidinte hawwe dy’t dus hiel wat feroaring bringt ?
...Hielke Rein Koopmans op 10 febrewaris yn Parregea in gouden munt út de 14e ieuw fûn hat, dat dat in hiel bisûndere fynst is en dat dit de earste kear is dat der yn Parregea sa’n munt fûn is ?
… dat der dizze winter by ferskillende minsken metalen buizen foar droechmûnen, dy’t yn it gers leinen, spoarleas ferdwûn binne en dat it miskien in goede saak wêze soe om Hylke Rein Koopmans, de goudsiker fan Parregea te freegjen mei syn detektor op paad te gean om de buizen op te spoaren ?
… Jolanda by it buurtvolleybal yn de Gearhing sa fannatyk wie en in bal noch krekt pakke woe dat se mei raam en al heal de kantine yn fleach en dat it mar in gelok wie    dat dat fan pleksyglês wie ?
… Enne by de ‘douane’ regelmjittich oanhâlden wurdt, dat it dizze kear gyng om in pot     ‘pindakaas’ fan 2 kilo, dy’t foar in bom oansjoen waard, mar dat hy nei ûndersyk dochs wer troch mocht ?
… tunnels yn Amsterdam wolris ynwijd wurde troch in pastoor en dat wy no benijd binne hokker pastoor hjir komme sil wannear’t ús tunnels klear binne ?
… dat Ida it ferhaal fan Hille van der Valk krige om it goed yn de Pinfisker te krijen, dat se gjin flau idee hie wêr’t Brúnsma’s Bosk wie en dêrom Jan Bouwhuis belle om der him nei te freegjen, dat Jan it ek net wist, mar by Douwe Yska, ien fan syn buorren, op besite gyng en dêr in pear oeren ferhalen heard hat oer âld-Parregea, dat Yska it dus wol wist en ek al by Gooitzen Spijksma op bisite west hat om der oer te praten en dat je sa mar wer sjogge dat de Pinfisker hiel goed is foar sosiale kontakten ?
... in earste ljipaai fan de fûgelwacht Parregea fûn is troch Anne Bouwhuis yn in stik lân by Parregea ?