WJD juni 2010

Juni 2010, Wisten jo dat...?

… Marieke Ruardi op in dei besite krige fan in hin dy’t by harren efter it hûs de tún oeral helle, dat Marieke dy hin, om’t dy net in aai lizze woe, mar wer oer it stek sette, dat letter bliken die dat der twa hinnen fan troch gien wiene út it hinnehok fan Hille en Gatske doe’t Hille fergetten hie it hok goed ôf te sluten ?
… Joop Ruardi de nije wikselbeker fan de biljertferieniging sa’n lilkert fûn dat hy him yn de bar fan de Gearhing mar stikken sloech, dat dit in gelok by in ûngelok is, want dat de âlde beker, mei dêrop 30 jier biljertskiednis, no wer op’e nij tsjinst dwaan mei ?
… Titus en Annemarie elts jier problemen hiene mei de oergong fan simmer- nei wintertiid en oarsom, dat se no witte hoe’t it moat: foarjier in oere foarút, neijier in oere efterút ?
… Gonnie út en troch mei de ezel te kuierjen giet en dat hja, doe’t har frege waard oft hja net   leaver mei Tjitte op stap gyng , sei dat it har net útmakket om’t se allebeide like greate earen hawwe ?
… jongelju dy’t nei skoalle moasten op in kear moarns by Brandoil yn de bus stapten, mar op de weromreis pas yn Warkum útstappe koene om’t de bus net yn Parregea stopje woe ?
… der yn Parregea in skoudersykte west hat, dat Titus oan syn skouder operearre waard nei in fal fan it dak, dat Tjitte in ferklofte skouder hie troch in ko dy’t net om lyk woe en dat Marjan de Jong it ek al mei in ko oan de stok krige en in blessearre skouder oprûn ?
… Elly Cnossen thús siet mei in ferfelende nekhernia, dat Aukje Galama oan Chantal Cnossen frege hoe’t it mei tante Elly wie en dat Chantal sei dat it neffens har al wer wat better wie want dat tante al wer kompûtere ?
… Geke yn de Gearhing oan it wurk wie, dat Louise har helpe woe troch de wask op te hingjen dy’t noch yn de waskmasjine siet, dat dy wask, doe’t Geke thús kaam, fleurich oan de line wappere, mar dat Geke dêr net fleurich fan waard om’t Louise de smoarge wask oan de line hong hie en dat dat wer it gefolch wie fan it feit dat Geke fergetten hie de waskmasjine oan te setten ?
… Riemer en Siebren by beppe wiene, dat beppe foarstelde in blokje om te gean, dat Riemer   doe nei it buortersguod draafde, in blokje út de blokkedoaze helle, dat oan beppe joech en har freegjend oanseach ?
… der in sponsorrin foar in goed doel organisearre waard troch de basisskoalle, dat master Piet der op rekkene dat dat wol 150 Euro opsmite soe, mar dat de bern mar leafst 1300 Euro by elkoar draafden, dat der bern wiene dy’t  20 rûntsjes hellen en dat der sponsors wiene dy’t  wol 40 Euro betelje moasten ?
… Bert v.d. Heuvel, dy’t yn it hûs fan Rob’s Vlees is kaam te wenjen, hielendal wei is fan kafé De Harmonie en dêrom in keamer yn syn hûs krekt sa ynrjochte hat as it kafé, yn  deselde kleuren, kompleet mei biljert en dat eltsenien dy’t del komme wol om in potsje te biljerten, wolkom is ?
… wa’t sin hat oan in “schuimparty’ terjochte kin by de famylje Ruardi, dat Joop en Marieke nammentlik in elektryske bubbelmatte oanskaft hawwe en dat Ron dy fuort útprobearje woe, de matte yn it bad lei mei flink wat sjippe der by en de kraan iepen draaide en nei boppen gyng om skjinne klean, dat doe’t hy efkes letter wer ûnder kaam it skom him ûnder de badkeamerdoar wei temjitte kaam ?
… by Harke Brandsma yn de garaazje in swellenêst sit krekt boppen syn auto, dat hy, as der      jongen binne, syn auto bûten stean litte moat sadat de katten dy auto net as opstap brûke kinne foar de fatale sprong ?
… Jantsje Boekema op Hieslum Paul Fluttert holp by it himmeljen fan syn hûs om’t hy twa froulju fan de dakleazenrace útfanhûs krige en dat Jantsje doe sei dat dy froulu bêst ris wat faker lâns komme mochten ? 
… Marije Tolsma de earste priis wûn hat yn de Sjong Finale mei de bêste Fryske tekst ?
… ús m.b.v.o. dit jier 25 jier bestiet ?
… Erika ús dus al 25 jier les jout ? 
… hja dat op in hiel gesellige manier docht ?
… wy de hiele wike útsjogge nei de moandeitemiddei ?
… it programma altiten tige fariërre is ?
… wy eltse wike wat oars dogge ?
… wy it ‘seizoen’ elts jier ôfslute mei in fijn en sellich útsje ?
… wy dat altiten ôfslúte mei in hearlike sorbet ???
… wy twa trouwe leden hawwe dy’t al 25 jier meidogge ?
… wy dit jier op 17 maaie it jubiléum fierd hawwe mei in diner yn Blauhûs en bowle yn Makkum en dat it super gesellich wie ?
… de m.b.v.o.-klub ek noch in rûnleiding hân hat yn it Abe Lenstrastadion op it Hearrefean, dat Annie Breeuwsma net te hâlden wie om’t hja sa ferskrik-  like graach op de middenstip yn it fjild stean woe, mar dat it al bisûnder skynt te wêzen dat wy op de tribune stean mochten ?