WJD dec 2010

December 2010, Wisten jo dat...

… der yn de foarige ‘Wisten jo dat..?” twa flaters stiene, dat Fedde al 60 jier organist is en net 55 jier, dat Doede net op 10 mar op 4 oktober jierdei is, dat syn mem Annemarie wol op 10 oktober berne is en dat op de snein nei 10 oktober Doede, doe’t hy nei tsjerke gyng, fan alle kanten felisitearre waard mei syn bisûndere jierdei en ek noch in prachtige kaart krige..?

… Elske Labordus mei 3 dochters de Kuiertocht op monumintedei meirûn hat, dat se dat die sûnder stok of rollator en dat, doe’t se troch Parregea kamen, Gatze foar it rút stie te swaaien mei in reade bûsdoek...?

…Reehorst in nije garaazje boud hat mei twa doarren, ien oan de foarkant en ien oan de efterkant, sadat hy der oan de iene kant yn- en oan de oare kant útride kin en dat hy dat dien hat omdat hy net sa goed efterút ride kin..?

… der op in sneontejûn yn Us Jister in skomparty hâlden wurde soe, mar dat der fergetten wie in skommasjine te hieren, dat der nearne mear sa’n ding beskikber wie, dat se doe mar de bubbelbadmatte fan de famylje Ruardi lienden en dat dy it sa goed die dat it skom oant it plafond ta kaam..?

… der op in freedtejûn yn de buert fan de tsjerke in soad auto’s parkeard stiene en dat der op’e stoepe in prachtige wite Rolls Royce stie, dat it wol dúdlik wie dat der yn de tsjerke in trouwerij oan de gong wie, mar dat net ien wist wa’t der trouden, dat letter bliken die (wy binne net nijsgjirrich, mar wy wolle wol graach alles witte) dat it gyng om in breidspear út Warkum dat net yn harren eigen tsjerke terjochte koene fanwege in ferbouwing..?

… Luitzen Ykema 12 novimber troud is mei Annie van Althuis en dat der no al bekend is wa’t de earsten binne dy’t trouwe sille, dat by it tradisioniele fuortgoaien fan it breidsboeket Froukje de Witte de gelokkige wie dat boeket yn hannen te krijen, mar dat noch net bekend is oft Geertjan van der Meer dêr wol sa lokkich mei is..?

… Natasja Westra en Jan Daniël van der Meulen op 3 septimber troud binne en dat it de earste kear yn it 61-jierrige bestean fan de frouljusferieniging fan Dedzjum wie dat in lid fan dy ferieniging troude..?

… Jolanda as sy de hûn útlit altiten itselde rûntsje rint, earst de Tynjestrjitte, dan oer de provinsiale wei en lâns it tankstasion oer de Trekwei werom nei hûs, dat sy dat koste wat it kostet folhâlde wol, dat it troch de graverij foar de fytstunnel en in soad reinbuien op in gegeven momint oan it ein fan de Tynjestrjitte in ferskriklike modderboel wie, dat Jolanda, koppich as sy is, dochs har fertroude rûntsje rûn en der net oer prakkesearre om op te jaan, sels net doe’t sy oan’t oer de knibbels  yn de modder sakke, dat sy der úteinliks yn slagge wer op de ferhurde wei te bedarjen en smoarch as in baarch thús kaam, dat wy net witte hoe’t de hûn der út seach, mar dat Jolanda sûnt koart dochs in oar paad rint mei de hûn, dat se no eltse dei lâns de Trekwei yn de rjochting fan Warkum rint en dat jimme no witte wêrom..?

… ek Parregea sûnt koart in A.E.D. (automatische externe defibrillator) hat, dat dit apparaat libbens rêdde kin troch hertritmestoaringen te ferhelpen, dat oan de bûtenmuorre fan de Gearhing al in kast hinget dêr’t it apparaat ynkoarten yn komt, dat net eltsenien wit wer’t dy kast foar is, dat bygelyks Johan Cnossen him al bliid makke dat hy aanst net mear nei Warkum hoecht om te pinnen om’t der no yn Parregea in pinautomaat komt..?

… Wiebe en Aukje it der op de earste woansdei fan de wiete novimber moanne hielendal oer iens wiene dat der in nije bûtenbrievebus komme moast omdat de post dizze kear wol tige wiet wie, dat Wiebe al it wiete papier op de sintrale ferwarming lei te droegjen en, doe’t de papierboel wat droege wie, it ekskuusbriefke fan TNT lêze koe, dat in nije brievebus hielendal net nedich blykte te wêzen om’t dêr yn stie dat de postauto in dûk naam hie yn de sleat by de pleats fan Harders..?

… Geertje Rodenburg in tiidtsje lyn op sikebesyk kaam by Jinte om’t dy siik wêze soe, dat de famylje Terpstra ferbaasd réagearre want dat Jinte hielendal net siik wie, dat bliken die dat Geertje op it ferkearde adres wie en by Ymte Tjalma wêze moast dy’t wat brutsen hie op de trampoline..?