WJD april 2011

April 2011, Wisten jo dat...

.. de guozzen fan Ties Tjalma der út pike wiene en frij rûn skarrelen efter de huzen fan de Trekwei, dat, doe’t Geke mei de auto fuort ride soe, se de auto oanfoelen en yn de bannen pikten, dat Geke se net oerride woe en útstapte om se fuort te jeien, mar dat se doe har oanfoelen en hja in fikse wûne oan har skonk oprûn, dat Tiis der de oare moarns yn slagge de guozzen mei de heafoarke wer efter it stek te jeien..?

.. Folmer en Annet regelmjittich foar yn harren portykje in sigaretsje roke om’t se yn’e hûs net roke wolle, dat yn datselde portykje, 55 jier ferlyn, Sam en Suze skarrelen en dat dy fêst net de ienigen west hawwe yn de rin fan de jierren..?

.. de toulûkploech fan Parregea by it Nederlânsk kampioenskip toulûken binnendoar yn Ommen in brûnzen medalje wûn hawwe yn de 680 kg-klasse en in sulveren medalje yn de 540 kg-klasse..?

.. Teade Abma in held is, dat hy op in sneontejûn út de Jister kaam en op wei nei hûs seach dat in dronken famke ferkeard fan de fyts stapte en yn de feart rekke, dat har ‘freonen’ der op de kant nei stienen te sjen en gjin poat útstutsen, mar dat Teade daliks efter har oan dûkte en har feilich op’e wâl krige, dat it famke spitigernôch net mei har rêdder ûnder in lekkere hite doesj  woe en mei de wiete brot oan op’e fyts stapte en mei har wiere ‘freonen’ nei hûs gyng..?

.. je foar in fijne fakânsje net in hiel ein fuort hoege, dat dat allinne mar in hier soad besine kostet en net goed is foar it milieu, dat it fansels ek moai is as je fanút je hotel de tsjerketoer fan Parregea sjen kinne en je net ûnwennich wurde, dat Louise Riemersma it dêrom dit jier tichte by hûs socht en net mei fakânsje nei Amearika gyng, mar nei it Van der Valk-hotel yn Snits..?

.. Doede Graafsma en Wiebe Wiersma in eigen website makke hawwe oer trekkers, dat, as je harren gasteboek lêze, bliken docht dat se al hiel wat besikers hân hawwe, dat se it fijn fine sille as jimme ek ris nei www.doedeenwiebe.webklik.nl geane en wat yn harren gasteboek skriuwe..?

.. der op in waarme, sinnige sneontemoarn foar de pastorij yn Parregea in ‘melkmeisje’ op in lift fan har freondinnen stie te wachtsjen om’t it ‘geitedei’ wie, dat de mannen/freonen fan dy fammen yn de tún fan de pastorij dwaande wiene beammen te kappen, dat der beppes op’e lytsen passe moasten en grutsk mei dy lytskes lâns de pastorij paradearren, dat Arjen de Vries yn in heechwurker dwaande wie de toppen út  beammen te seagjen en in hiele tiid dêr boppe fêst siet om’t de masjine net wer nei ûnderen woe, dat it al mei al foar hiel wat minsken in gesellige dei wie met in soad sosiale kontakten..?