WJD juni 2011

Juni 2011, Wisten jo dat ...

.. Hille en Anne Wiersma noch net hielendal wend binne oan de ynrjochting fan harren nije hûs yn Warkum, dat Anne by it itensieden yn stee fan sûker kofje oer de woartels struide..?

.. op 4 maaie in groepke minsken stie te wachtsjen oan’t de betinking begûn, dat Annemarie fol ferbazing hearde dat Jouke Bouma oan Suze frege hoe’t it mei it poepen gyng en dat Suze andere dat it goed gyng en dat it der sa mar út fleach, dat se der pas letter efter kaam dat Jouke mei syn minikraantsje by Sam en Suze oan it graven west hie foar in oansluting op it rioel..?

.. de fytstunnel by de Tynjestrjitte ûnder de dyk Boalsert-Warkum troch al hast klear is, dat Gerrit Groeneveld doe’t hy de hûn útliet Jehannes en Geeske oantrof by it heal iepensteande stek en frege: ‘Sille wy it ris besykje?’, dat Geeske sei: ‘Ik gean wol mei, ik haw altyd wat ûndogensker west as Jehannes en ik lit my graach ferliede troch dûmny.’..?

.. der mear minsken binne dy’t de tunnel al brûke, dat bygelyks Elske Labordus der tige wiis mei is foaral no’t de gymnastyk foar âlderen in simmerstop hat, dat dy tunnel útnoeget foar in kuier en dat it neffens Elske tige wichtich is om yn beweging te bliuwen en dat net allinne foar âlderen..?

.. de nije tunnels breed genôch binne om der mei in auto troch ride te kinnen, dat dat wol feilich is foar de automobilist, mar net foar fuotgongers en fytsers, dat it dêrom in goed ding liket dat der, om ûngelokken foar te kommen, pealtsjes pleatst wurde..?

..Bouke Jansen by de fytstocht fan de Oranjeferieniging net seach dat de ‘mistery’gast dy’t lâns de route syt syn dochter wie..?

.. Johan Cnossen op paad stjoerd wie om sûkelade fan it merk ‘De Heer’ te keapjen en dat hy yn de winkel frege om ‘Johannes de Heer’ sukelade..?

.. wy yn Parregea 3 jonge kampioenen hawwe, dat Marco Breeuwsma, Tymen Postma en Tjitse Rodenburg mei Warkum F4 kampioen wurden binne by it fuotbaljen, dat wy fan dizze kanjers  yn de takomst noch hiel wat ferwachtsje kinne..?

..Pedro en Marianne tige har bêst diene om harren ‘gazon’ sa goed mooglik te fersoargjen, dat dat yn de ôfrûne tige droege perioade net tafoel, dat it mei allinne wetter sproeien net ta koe om’t  ûnkrûd net heard yn in modern ‘gazon’, dat dêrom by Welkoop spesiaal guod kocht waard om it ûnkrûd kwyt te reitsjen, dat it risseltaat der wêze mei, dat se nei flink sproeien mei Roundup no  in prachtich strak en giel ‘gazon’ hawwe sûnder ûnkrûd..?