WJD dec 2011

December 22011, WISTEN JO DAT..

.. yn de foarige ‘wisten jo dat’ in pear rigels fuortfallen binne en dat it dûmny Riemersma wie dy’t syn guozzen it gers om de parstorij hinne koart hâlde liet..?

.. lytse Tjitte Bouwhuis al yn de earste wike nei’t hy op’e wrâld kaam troch syn heit meinaam waard nei Bolsert om yn’e kunde te kommen mei syn oerpake Jan, dat der doe in foto makke is fan fjouwer generaasjes Bouwhuis (twa kear Jan en twa kear Tjitte) en dat dy foto no by oerpake Jan te pronk stiet..?

.. Teade in pear kratten mei lege bierfleskes yn de kofferbak fan syn auto sette om se werom te bringen nei de winkel, dat hy de achterklep tichtsloech en dat hy doe nei de garaazje moast foar in nije efterút..?

.. Rein van der Wal meidien hat oan de nederlânske kampioenskippen fierljeppen, dat dit te sjen wie op de tillefyzje, dat it wol spitich wie dat Rein de oare side net helle en dêrom dweiltrochwiet foar de kamera stie om te fertellen oer syn mislearre sprong..?

.. Fred Geerling út Hieslum yn opdracht fan de plysje en de brânwar, mei learlingen van ROC Friese Poort yn Snits, in foarljochtingsfilm makke hat oer fjoerwurk, dat dizze film sels te sjen wie yn it jeugdjournaal fan 16 novimber en dat dizze film op ynternet te sjen is op www.frame2frame.nl/index.php/actueel of fia Google fûn wurde kin troch te sykjen nei de nationale vuurwerkshow..?

.. Fedde Postma in hiel skoft tillefoanysk stalkt waard, dat eltse nacht, krekt 12 oere, de tillefoan gyng, mar dat der nea in wurd sein waard, dat de nûmerherkenner neat oanjoech, de plysje neat dwaan koe en de tillefoanmaatskippij net meiwurkje woe, dat, doe’t Fedde op fakânsje gyng en syn tillefoan trochskeakele nei syn mobyl de stalker blykber krekt wist hoe lang Fedde fuort wie want dat hy yn syn fakânsje net ien kear lestich fallen waard, dat doe’t hy wer thús wie de tillefoantsjes op’e nij begûnen, dat Fedde dêr gek fan waard en om goede ried nei syn buorren gyng, dêr it hiele ferhaal die en dat Geke fuort en daliks de oplossing by de hân hie, mei Fedde nei hûs gyng en dêr de wekker fan de tillefoan útskeakele..?

.. Elske Labordus as it mar even kin deis in ein rint, dat se by har kuier troch de fytstunnels altyd in slokje by har hat en dat, as sy op’e helte is by de tunnel nei it tankstasjon efkes rêst nimt en wat drinkt fan wat se har ‘huppeltsjewetter’ neamt..?

.. der ein septimber yn Parregea in mûzepleach wie, dat dy bisten by Eise en Anneke troch de garaazje fleagen, dat Jetske Graafsma se, doe’t se wekker waard, troch har sliepkeamer rinnen seach en dat se by Manus en Wiepie sels yn in pak rys sieten, dat Wiepie no wit dat Manus
ôfgryslik skreauwe kin, want dat hy dat die doe’t hy yn de keuken in laad iepen lust en de kop fan in mûs út in pak rys stekken seach..?

..Elly Cnossen in prachtich bosk blommen kocht hie foar Sam en Suze om’t dy 55 jier troud wiene, dat, doe’t se belle, der net opnommen waard, mar dat se der dochs mar hinne gyng, dat der yndied net ien thús wie en dat Elly de blommen mar op it taffeltsje efterhûs del lei yn de ferûnderstelling dat Sam en Suze se wol fine soene, dat se de sneins dêrop by har mem op besite wie en dêr hearde dat Sam en Suze mei fakânsje wiene yn Portugal, dat se op wei nei hûs de blommen, dy’t noch altyd op it taffeltsje leine, mar wer mei naam nei hûs en dat se dêr noch in wike te pronk stien ha..?
.. der by it biljerten, ta grutte wille fan Sikke, by Mink opiens in enoarme boufakkersspleet te sjen wie, dat Mink alle tiid naam, syn trui útluts, syn broek losmakke, syn himd by de broek yn stoppe, de broek wer opluts en ticht die en syn trui wer oanluts en dat der no geroften binne dat Mink op dizze manier mei opsetsin syn tsjinstanner yn de war brocht hat, want dat hy de wedstriid wûn yn mar 18 beurten..?

..de nijste ‘trend’ om âlde hûnen út te litten is ‘yn in karke’ en dat Gerrit Groeneveld en Jolanda Terenstra echte ‘trend’folgers binne..?

.. it 25 jier lyn is dat Enne en Geke mei harren bedriuw begûnen, dat se dat op 9 en 16 novimber fierd hawwe mei in hapke en in drankje yn de Forcyswinkels fan Coevorden en Snits en dat it dêr tige gesellich wie..?

de Paedwizer tsjintwurdich hast better Paardwizer hjitte kin om’t hast alle famkes by Maaike en Catharine op hynsteriden sitte..?