WJD feb 2012

Februari 2012, WISTEN JO Dat

.. Anne Kieft nije hinnen hat wer’t se tige grutsk op is, dat dy hinnen alle dagen bûten meie en jûns wer yn de rin komme, dat der no al 2 hinnen opfretten binne troch in mûzefanger (buizerd) en dat Anne no immen siket mei in jachtgewear..?

.. Titus op it feest fan de brânwar SWF yn Wytmarsum huldige is om’t hy al 20 jier by de brânwar is en dat wy hoopje dat de brânwar hjir bestean bliuwt oant hy syn 25-jierrich jubileum fiert..?

..Auke Bosma in fikse stroomskok krige, dat net de tried mar de peal ûnder stroom stie..?

.. de âlde gaskachels fan de tsjerke fan Hieslum ferkocht binne, mar dat se net fier fuort gien binne, dat se komme te stean by de famylje Bouma yn it eardere lokaal fan de Herfoarme Tsjerke..?

.. nei de ferbouwing yn de tsjerke fan Hieslum op sneon 10 desimber alle froulju fan Hieslum mei in stofsûger nei tsjerke teagen om al it boustof op te sûgjen..?

.. in tal mannen yntusken it tsjerkepaad ophegen en der nij grint op brochten en dat Luut en Haring op’e knibbels foar de tserkedoar leine om de tegels wer te plak te lizzen..?

..oare doarpsgenoaten mei de bern oan it oefenjen wiene foar de kuiertocht..?

..hiel Hieslum dus yn’t spier wie en dy dei genôch beweging krige..?

.. Herre sokke lange dagen makke doe’t de tsjerke ûnder hannen naam waard dat se him fregen: Sliepsto hjirre..?

.. Herre de bern út skoalle helje soe, mar dat hy net fuort komme koe, dat syn auto op it tsjerkepaad stie en dat in frachtwein it grint efter syn auto del kypt hie.?