WJD maart 2012

Maart 2012, Wisten jo dat...

.. yn de foarige wisten jo dat stie dat ‘Luut en Haring’ op’e knibbels foar de tsjerkedoar leine, mar dat dat ‘Luut en Jaring’ wêze moast..?

.. nochal wat Parregeasters goed harke ha nei de oprop op it Nijjiersfeest om it fuortbestean fan de skoalle net yn gefaar te bringen, dat der no in wiere ‘babyboom’ oan komt, dat nammentlik de iene nei de oare yn ferwachting blykt te wêzen..?

.. Suze thúskaam en ûntduts dat der gjin stroom wie, dat se nei buorman Arjen rûn om te freegjen oft dêr wol stroom wie, dat Arjen rôp dat se nei de badkeamer komme moast, dat Suze him dêr sitten seach mei de laptop op’e knibbels en it kofjesetapparaat neist him, dat hy him dêr noflik ynstallearre hie om’t it it ienige plak wie wer’t wol stroom wie..?

.. by Stefan en Ulrike op 3 febrewaris in dakraam iepen stean bleaun wie, dat de foarspelling fan Piet Paulusma foar dy dei ‘der kin hjir of dêr wol in sniebui falle’ hielendal útkaam (hjir of dêr wie dus Parregea), dat der yn de keamer fan Marike safolle snie lei dat dêr hast in snieskower nedich wie..?

.. Boudewijn op de Trekfeart oan it riden wie, dat ien tsjin him rôp dat syn redens stikken wiene, dat, doe’t Boudewijn syn redens ris goed beseach, bliken die dat der neat mis mei wie, dat blykber net eltsenien op’e hichte is fan it bestean fan ‘klapschaatsen’..?

.. der yn febrewaris in hiel moaie sniepoppe stien hat yn de tún fan de pastorij, makke troch Saki, dat der yn it part fan Japan wer’t Saki wei komt wolris wat snie falt, mar dat se noch nea safolle snie sjoen hie as dizze winter yn Parregea..?

.. Stefan Jansen op snein 12 febrewaris de Alvestêdentocht riden hat, dat hy op de Bonkefeart opwachte waard troch syn hiele famylje dy’t him ynhellen mei it sjongen fan it Frysk Folksliet en dat Marike efkes letter oan him frege: ‘Bist no ek wurrich? ..?

.. Durk Tjalma de tocht ek riden hat en jûns op’e televyzje kaam yn it programma ‘Hjoed’ fan Omrop Fryslân..?

..Willem Poelstra foar de iismasters fan de ‘tocht’ it iis ûnder de brêge kontrolearre, dat hy dat iis net sterk genôch fûn, dat hy ek fûn dat it wetter te kâld wie doe’t hy gelyk krige en der by de dukdalf troch sakke, dat der gelokkich genôch minsken oan it riden wiene om him der út te heljen..?

.. de klublieding op in sneontemiddei fergadere by Elmer en Hanneke, dat Arjen rinnende lâns kaam en frege oft hy Linda har fyts liene koe, dat Arjen sels gjin fyts mear hie om’t hy freedtejûns nei in gesellich jûntsje stappen by Sam en Suze foar hûs mei de fyts fallen wie, dêr de fyts de skuld fan joech en sa lilk waard op dat ding dat hy him yn de feart soale..?

.. wylst Sicco de bern nei skoalle brocht heit Joop, dy’t Sicco helpe soe mei in klusje, de kat der yn liet, dat de tafel noch net ôfromme wie, dat de kat op’e tafel in lekker hapke seach en dat Joop efkes letter foly op’e grûn lizzen seach en op’e tafel in stik oanfretten tsiis, dat Sicco doe’t hy wer thús kaam de tsiis fuortsmite woe om’t Eva dêr grif net mear fan ite woe, mar dat Joop dat neat fûn en sei dat je dy oanfretten stikken der wol ôfsnije koene en de tsiis mei nei hûs naam, dat wy ús no ôffreegje oft Eva sneins by Joop en Lena lekkere blokjes tsiis as borrelhapkes iten hat (sit der dik yn)..?

.. de kastanjebeammen by de pastorij snoeid binne, dat Arjen dêrby spul krige mei de kettingseage dy’t fjouwer kear syn earm rekke, dat hy nei it sikenhûs moast en alve hechtingen krige, nei hûs gyng om iten en middeis al wer mei de seage oan it wurk wie..?

.. Joop Wijnja en Edou Schotanus it earste (en it twadde) ljippeaai fûnen, der twa aaien yn it nêst leine, dat se dus elts mei in aai nei hûs koene, nei’t se earst by de komputerwinkel de beker en de medalje ophelle hiene en dat it makliker wie de twa aaien te dielen as dy iene beker..?