WJD augustus 2012

Augustus 2012, Wisten jo dat...

.. Teake frjemd opseach doe’t hy by it wekker wurden in frjemde kat op it fuottenein fan it bêd lizzen seach, dat it in hiele moaie langhierrige giele kat wie, dat letter bliken die dat hy de foarige jûn/nacht efter AukeMarten en Robert oan nei hûs rûn wie, mar dat dy him bûtendoar litten hiene, dat de kat der yn’e rin fan de dei fan troch gyng doe’t hy de hûn yn de gaten krige en dat it noch hieltiten in riedsel is hoe’t de kat der yn kommen is..?

.. Geke, op fakânsje yn Amearika, opiens in grutte wite wolf oankommen seach, dat se nei Enne rôp dat hy daliks yn’e auto komme moast, dat hy dat net koe om’t Geke de doarren op slot dien hie, mar dat dat Enne neat skele koe, dat hy rêstich syn fototastel pakte en in foto fan de wolf makke, want dat je sa’n kâns dochs net misse meie..?

.. Haring en Lolkje foar de earste kear pake en beppe wurden binne fan Froukje, dochter fan dochter Nynke en Rene Rijpkema..?
.. Marlies sa drok oan it skilderjen wie dat se net nei it bakje mei ferve seach en dat se dêrtroch de ferve oer har hinne krige..?

.. Tamme C. en Miekie op strjitte in praatsje makken, dat Tamme tsjin Miekie sei dat se de doar fan de koelkast even ticht dwaan moast, dat hy dêrmei de doar fan de caravan bedoelde dy’t net al te grut is en dêrom wol wat hat fan in koelkast..?

.. der fakentiids wat is mei de klean dy’t Wilma keapet, dat de iene kear knopen misse, de oare kear de rits stikken is of in pipe draaid sit, dat se dêrom tsjintwurdich alles wat se keapje wol oan alle kanten besjocht, dat se krektlyn in bloeske kocht dêr’t, oan alle kanten besjoen, nei har idee neat mis mei wie, dat, doe’t se it oan hie en Tamme frege wêrom se hieltiten oan de iene mouwe luts, bliken die dat de iene mouwe folle nauwer wie as de oare, dat it  dêrom miskien better is dat se in oare kear in saakkundige meinimt..?

.. om 12 oere yn de nacht nei it feest by de Jister Tamme R. en Tamme C. rinnende wei en Broer op’e fyts op hûs ta setten, dat Broer net al te stevich yn it sadel siet, it stjoer net goed rjocht hâlde koe en oer it gers en troch in tún slingere, dat doe krekt in plysjewein oan riden kaam, mar dat se mei de skrik frij kamen, want dat dy gewoan trochried..?

.. master Piet nei de spultsjes foar de bern de priiswinners bekend meitsje soe, dat hy sei dat hy dy bekend meitsje soe fan ûnderen nei beneden..?

.. der nei it doarpsfeest yn de nacht fan sneon op snein om fjouwer oere in man of tsien nedich ôfkuolje moasten en dêrom yn de Trekfeart sprongen..?