WJD juni 2012

Juni 2012, Wisten jo dat...

.. de tiden feroarje, dat de mannen tsjintwurdich by elkoar op’e kofje komme op it Skil/by de brêge en dat de ôfspraken hjiroer makke wurde mei it mobyltsje..?

.. Geke op Keninginnedei fan doel wie om nei Circus Salto yn Parregea te gean, dat se yn sliep fallen wie, dat se, doe’t se wekker waard, de fyts pakte en tocht dat se noch krekt op tiid komme soe, dat se efkes stoppe by de nije Jeu de Boulebaan wer’t in hûntsje hiel iensum rûn ron, dat it bistke har yn’e hân biet, dat se doe dochs mar efkes nei it sikenhûs gyng om in tetenusprik en dat, doe’t se einliks yn de Gearhing kaam, der noch krekt in stik bôle foar har oer wie, dat de les dus is dat,
as je nei it sirkus wolle, je better net slûch wêze kinne en hûntsjes gewoan rinne litte moatte..?

.. der twa nije sirkustalinten yn ús doarp binne, ntl.Tamme Rodenburg en Grietje Ouderkerken, dat se in optreden hiene mei in bûksprekker en dat it publyk him de bûsen út skuorde..? .. Tamme en Wilma de nacht nei it optreden mei in ôfgryslik grutte slang alle ramen en doarren potticht hiene, ek boppe, om’t je it mar nea witte kinne mei sa’n slang?

.. Louise der tige nei út seach dat har heit en mem foar in moai skoftsje op fakânsje gyngen om’t se der s’an sinne oan hie om dan yn harren auto rûn ride te kinnen..?

.. Wieberens Jet tocht dat der oan it ein fan de Waubertstrjitte in blau swimbad kaam wie, dat it buizen blykten te wêzen dy’t dêr noch yn de grûn moasten en dat se it mar frjemd fûn om’t der ek noch in stek omhinne stie..?

.. Marco, Nico en Aukje tegels nei de nije Jeu de Boulebaan brochten dy’t om de grindbak hinne komme moasten, dat der
immen fan it tafersjoch fan de gemeente by harren stoppe dy’t witte woe wêrom’t se safolle tegels by de glêsbak delsetten,
dat de goede man tocht dat se dy tegels dumpten..?

...Dedzjum no ek al wrâldwidich te besjen is, ...se harren eigen webside in é loft hawwe,

...jo dy besjen kinne op www. dedzjum.nl