WJD september 2012

September 2012, Wisten jo dat...

.. earne yn juny middeis om 12 oere in hiele swarm frij grutte swarte fûgels (neffens de melder wol 1000) it paad bjuster wiene by de brêge fan Parregea..?

.. Klaas Bruinsma by de fiskwedstriid de earste priis  wûn hat, dat dy priis in smytangel wie, dat hy dy oan de jonges sjen liet, mar dat by dy demonstraasje de angel  fêst kaam te sitten oan syn broek, dat hy fan de brêge nei hûs rûn mei de angel oan syn broek fêst, dat dat in hiel soad hilariteit joech  en de opmerking dat hy dochs sa graach ien fan 2 meter fange woe..?

.. Kaisa út Finlân, dy’t  ferline jier as útwikselingsstudint  by de famylje Groeneveld wenne, opiens ferskynde by de fiskwedstriid, dat se it net litte koe om yn Parregea te sjen doe’t se wer even yn Nederlân werom  wie..?

.. de suster fan Grietje Labordus in nije knibbel krigen hie, dat Grietje nei  Snits gyng om by har op bisite te gean, dat  by de resepsje fan it sikenhûs Grietje har suster net bekend wie, dat nei  wat hinne en wer praten en wat speurwurk bliken die dat Grietje net yn Snits mar yn Ljouwert wêze moast..?

.. in hiel soad fytsers by de bensinepomp fan Amigo net witte hoe’t se oan de oare kant fan de wei komme moatte, dat der nammetlik wol in boerd  ‘ferbearn foar fytsers’ stiet, mar net in ferwizing nei it tunneltsje, dat it tiid wurdt dat de gemeente wat docht  oan dizze ûndúdlike situaasje..?

.. Grietje de Jong  by in feest meiholp yn de Gearhing, dat se de tafels skjin meitsje soe en dêrfoar in doek brûkte  dy’t op ien fan de tafels lei, dat se fûn dat dy doek net fris rûkte en doe ta de ûntdekking kaam dat se oan it feien wie mei in ruft dy’t in mem fergetten  hie mei te nimmen nei’t se har poppe ferskjinne hie..?

.. Sam en Suze mei de auto fuort soenen, dat it opiens tige wiet en tsjuster waard, dat Sam, doe’t Suze ynstapte,  sei dat se net fuort koene, dat Suze sei dat se wol faker by min waar riden hiene, dat Sam sei dat it dat net wie, mar dat alle alarmljochtsjes baarnden, dat Suze foarstelde om dochs mar te starten en dat de auto dêr hielendal gjin beswier tsjin hie en it gewoan die, dat bliken die dat Sam de rutewissers oanset hie en it kontakt net werom draaid hie..?

.. op in nacht yn augustus twa jonges mei in magnetron fêstbûn oan de fyts mei in soad kabaal troch Parregea  rieden, dat hiel wat minsken  wekker skrokken  en fan bêd kamen om te sjen wat der oan de hân wie, dat der in pear dagen letter nochal wat fernield waard yn en om Parregea, dat de blikfangers oan it fytspaad fernield  wiene, dat it rút fan in bushokje yngoaid wie, dat it boerd mei de tsjinstregeling stikken makke wie en dat der blommen út  ferskate blombakken oan de Trekwei  lutsen wiene, dat  jongerein út Parregea dêr  skuldich oan  wie, mar dat dat net ‘Jisterjongerein wie..?

.. dat Bonnie Wiepie belje woe mar Wiepie net opnaam, dat Bonnie seach dat Wiepie wol  thús wie en der dêrom neat fan snapte, dat se op de fyts nei Wiepie sette om te freegje oft har tillefoan miskien stikken wie, dat doe’t se de saak besprutsen bliken die dat Bonnie net nei Wiepie, mar nei Eise en Anneke belle hie en dat dy net opnamen om’t se mei fakânsje wiene..?

.. Tamme Couperus siik wie en medisinen nedich hie, dat hy syn suster Ankie belle om te freegjen  oft dy se op helje woe, dat Ankie de pillen brocht  en ek in spuit meikrige hie dy’t hy ek ha moast, dat der Tamme neat  by stie fan in spuit, mar dat soe dan wol sa wêze, dat Ankie sei dat hy it sels  dwaan koe mar dat sy it ek wol dwaan woe, dat besletten waard dat Anke it dwaan soe en dat se him frege oft hy yn syn bil of yn syn earm spuite wurde woe, dat Tamme de mouwe opstrûpte en doe seach dat by  Ankie de triennen oer de wangen rûnen fan it laitsjen, dat se opiens betocht hie dat se de kowespuit yn har hannen hie dy’t se sels meinaam hie..?

.. it yn de pastorij fan Parregea dizze simmer twa kear feest wie, dat earst op 1 septimber  it feit betocht waard dat it dit jier 150 jier lyn is dat de pastorij boud is en dat dat barde troch in réuny foar misken dy’t yn de pastory  fan  Parregea wenne ha of noch wenje en dat op 5 septimber Gerrit Groeneveld fiere koe dat hy dy dei 30 jier dûmny wie..?