WJD dec. 2012

December 2012, Wisten jo dat...

.. Gatse de Vries op in sneintemoarn fan bêd kaam en fûn dat it wol slim kâld wie yn’e hûs, dat hy nei ûnderen gong en seach dat de foardoar wiid iepen stie, dat hy earst tocht dat der ynbrutsen wie en it hiele hûs troch rûn om te sjen oft der ek wat fuort wie, dat alles der gelokkich noch wie en dat  hy úteinliks ta de konklúzje komme moast dat hy dy nacht fergetten hie de doar ticht te dwaan..?

.. Fedde Postma lêst hie fan in wiere miggepleach, dat der in hiele swarm blauwe miggen troch syn keamer en keuken fleach, dat hy op ien moarn wol 30 fan dy kringen fong hat, dat hy no wol mei dwaan kin oan it kampioenskip miggefange, want dat ien swaai mei syn bûsdoek genôch is om wer in mich nei de miggehimel te helpen..?

.. Teade it mei Septemberpop yn Warkum oan’e stok krige mei in pear plysjes, dat hy harren ‘grutte migers’ neamde, dat dy plysjes dat net pikten en him de hânboeien om diene en him mei nimme woene nei it plysjeburo, dat Teade net yn’e auto komme koe om’t syn joggingbroek om syn ankels hong, dat hy, doe’t immen syn broek oplutsen hie, úteinliks op it buro terjochte kaam en dêr op wetter en brea set waard, dat de plysjes dochs net de minsten wiene, want dat se him de oare moarns netsjes thús ôflevere hawwe..?

.. Titus heal novimber nei de ‘Chinees’ gong om iten te heljen, dat de man dy’t him holp tsjin him sei dat hy noch wat foar him hie en te foarskyn kaam mei in oerhimd dat Titus al tiden kwyt wie, dat bliken die dat it hingjen bleaun wie nei in jûntsje wokken yn augustus, dat de man Titus wjerkende en dus wol in hiel goed ûnhâld foar gesichten hawwe moat..?

.. Durkje stroffele oer ien fan de lytse stoeppealtsjes, dat se doe mei in brutsen earm siet, dat Fedde mei de fyts foel doe’t hy tsjin sa’n pealtsje ried, dat it nochal ris bart dat autobestjoerders, fytsers of kuierders dy lytse dingen net sjogge..?

.. Douwe Dijkstra en Joop Wijnja nei Schiphol gongen om Truus en Lena op te heljen, dat se hielendal ferkeard rieden en net by de oankomsthal mar by de ‘landingsbanen’ terjochte kamen, dat se, kilometers en oeren fierder, krekt op tiid kamen om de froulju op te pikken, dat se in oare kear better de Tom Tom brûke kinne of de oanwizingen op de buorden goed lêze moatte..?  

.. wy ús op de Horstwei even 100 jier werom yn de tiid fiele, dat yn  1912 dêr ek in sânpaad wie wer’t je lâns moasten om by wat doe de Rinteniersbuert hiet te kommen, dat wy no hiel goed begripe wêrom’t se doe sa graach woene dat strjitmakkers der in ‘echte’ wei fan makken..?

.. it wurk oan de Horstwei folle langer duorret as ferwachte wie, dat it waar ek perfoarst net mei wurket, dat it dêr bytiden ien grutte modderpoel is, dat fytsers en kuierders wolris de wei kwyt reitsje om’t net goed oanjûn is wêr’t se lâns moatte en dat dit wurk, ûnder tafersjoch fan Tamme en Mink, hiel wat praat opleveret..?

... Annemarie fan lekker en simpel iten en drinken hâldt, dat se bygelyks in pakje Saroma-kloppudding mikst mei in pak sûpe foar in lekkere ‘shake’, dat dat echt de muoite wurdich is om it ek ris te besykjen..?

 .. Elly Cnossen hielendal yn  panyk rekke doe’t se foar it earst yn har libben in blaastest dwaan moast, dat de plysje har de rie joech om earst har bril ôf te setten en dat, doe’t se mei har bril yn har hân der klear foar wie om te blazen, de plysje har komplimintearre en laitsjend sei dat se no twa glêzen minder op hie..?