WJD feb 2013

Februri 2013. Wisten jo dat...

.. Geertjan fan Sinterklaas in fytspomp krige, dat alle ûnderdielen dêrfan apart ynpakt wiene en dat it noch in hiele toer wie om sûnder gebrûksoanwizing dêrfan in fytspomp te meitsjen..?

.. Arjen de Vries yn desimber foar de feroaring syn jierdei fiere woe mei in barbecue en nei de slachter gyng om barbecuepakketten te bestellen, dat de slachter tocht dat hy him fersinde en him gourmetpakketten ferkeapje woe, dat Arjen like goed syn sin krige en dat it feest hiel gesellich wie, dat de mannen yn it hok sieten, de froulju yn de keamer en de barbecue tusken it hok en it hûs yn stie..?

.. Gatse de Vries op in nacht net goed sliepe koe om’t hy hyltiten in ferfelende pyptoan hearde, dat hy it hiele hûs ôfsocht om te witten te kommen wer’t it lûd wei kaam, dat hy úteinliks op souder in troch de foarige bewenners efter litten brânmelder fûn wer’t de batterij hast leech  fan wie..?

.. Freya Talsma thús even op it balkon wie, dat de hûn  der yn slagge de dieveklem op de doar te dwaan, dat Freya yn de kjeld en de snie stie, mar dat se gelokkich har mobyl by har hie en har skoanmem skilje koe om te freegjen oft dy har wer yn har eigen hûs  litte koe..?

.. Geertjan der ek net yn  komme koe om’t de kat de doar ticht dien hie en dat hy der nei in klimpartij yn slagge  troch it dakraam yn’e  hûs te kommen..?

.. Klaas in soad fûgelstront op syn auto hie en dat hy dat goed oanpakke woe en dêrfoar in hegedrukspuit brûkte, dat it sels mei dy spuit net tafoel de stront der ôf te krijen mar dat dat úteinlik slagge, sa goed dat net allinne de fûgelstront ferdwûn wie mar dat ek de lak los liet..?

.. dat se op de Horstwei mei ‘smarjild’ in soad foar elkoar krije koene by de straters, dat dêrfoar sop, taarten en banketstaven ynset waarden om te soargjen dat dy mannen in goed sin hiene, dat eltsenien likegoed allinne mar goede ferhalen oer de réwillige wurkers hie ..?

.. Sam en Suze nei Karwei yn Snits gyngen, dat se in boerd oan de gevel seagen wer’t op stie dat de winkel fan 9 – 9 iepen is, dat Suze yn de winkel frege oft se ek yn de nacht iepen wiene, nee dus, dat Suze sei dat der dan 9 – 21 op it boerd stean moast, dat se dêr by Karwei net by stil stien hiene, dat doe’t Sam en Suze der in oare kear wer lâns kamen it hiele boerd fuort wie, dat se der blykber noch net oer út binne wat se der mei oan moatte, dat Suze no noch nei Karwei yn Boalsert moat om harren op de flater te wizen om’t se dêr noch hyltiten dei en nacht iepen lykje te wêzen..?

..  Bauke fan Douwe en Grietje op tiisdei 15 jannewaris in ûnbekende man oan de tillefoan hie dy’t frege oft der al op de Trekfeart riden wurde koe, dat Bauke sei dat dat noch net koe, dat der noch mar in lyts skyltsje iis yn de feart lei en  dat dy sels op ferskate plakken  noch iepen lei, dat de man tige teloarsteld sei dat hy wol immen oars belje soe dy’t wol wist hoe’t it mei it iis siet, dat Bauke sei dat hy dan it selde te hearren krije soe en him noch frege wer’t hy wei kaam en dat it antwurd ‘út Alkmaar’ wie..?


.. it biljerttoernooi in great sukses wie en tige gesellich, dat der krekt as by eltse sport fansels winners en ferliezers wiene..?
.. Dick Habermehl tsjin Douwe Terpstra spile en yn de hiele partij mar ien punt helle wylst Douwe der wol 119 hie..?
.. Jan Klaren nei’t hy syn earste partij ferlern hie (hy helle net ien punt) nei hûs gyng om in tút fan mem te heljen en dat hy sa oppept syn twadde partij wûn..?
.. Paul Fluttert de moed net opjûch en nei 68 beurten de striid tsjin Wilma Langelaar mei 15 caramboles wûn..?
.. Tamme Couperus de spanning hast net oan koe doe’t hy tsjin Jikke út Ferwâlde útkomme moast, dat hy it dêr sa waarm fan waard dat hy yn syn himd de partij útspile en yn 48 beurten wûn..?
.. Bert v.d. Heuvel yn 2011 nei it toernooi op wei nei hûs mei fyts en al yn de sleat neist de iisbaan terjochte kaam,  dat hy dêrom dizze kear mei de fyts oan de hân lâns de iisbaan rûn, dat hy dêrnei op de Horstwei oankommen op’e fyts stapte, op de nije stoepe knalde en langút op strjitte belâne..?