WJD april 2013

April 2013. WISTEN JO DAT..?

.. net allinne de Pinfisker mar ek it tsjerkeblêd goed lêzen wurdt, dat Sikke dat murk doe’t hy op in freed kaam te biljerten en fan alle kanten lokwinske waard om’t hy 25 jier troud wie, dat hy dat oan nimmen ferteld hie mar dat eltsenien it lêzen hie yn it tsjerkeblêd..?

.. Johan en Louise nei in ferbouwing fan 661 dagen einlings yn harren hûs Trekwei 84 wenje, dat in flink part fan de útset troch Johan byinoar sparre is mei punten fan Brandoil, dat der ek in tostiapparaat by wie, nij yn de doaze (tocht hy), mar dat nei it útpakken bliken die dat it in brûkt eksimplaar wie, te fiis om oan te pakken, en dat it ding dêrom fuort en daliks yn de kontainer ferdwûn is..?

.. Louise har ferbaasd ôffrege of’t it normaal is dat in hûs sa gau wer stoffich wurdt..?

.. Nellie Kamstra in brief krige fan har suster, mar dat der yn de enveloppe net in brief siet mar in bertekaartsje fan ûnbekende minsken út Coevorden, dat Nellie en har suster no tige nijsgjirrich binne wa’t de brief krigen hat..?

.. Anita op in nacht har âlders wekker makke en fertelde dat de stroom der ôf wie, dat se harren warskôgje woe om’t se bang wie dat se harren fersliepe soene, dat Aukje it hûs troch gyng en murk dat alle ljochten it diene, ek op de keamer fan Anita, mar dat de wekker fan Anita net op it nachtkastke stie mar der efter fallen wie..?

.. Jelle Frank foar de wedstriid fan Hearrefean tsjin Ajax yn de Arena ‘vaandeldrager’ wie..?

.. Alie Schotanus yn de Gearhing oan it wurk wie en seach dat der hiel moaie blommen stiene, dat se tocht dat it spitich wêze soe dat se útdroegen en se dêrom ferwende mei flink wat wetter, dat dat efterôf net nedich blykte te wêzen om’t it keunstblommen wiene..?

.. it âlde postkantoor destiids ‘Anne Post’ neamd waard, Anne Postma wie jierrenlang kantoarhâldster, dat Folmer en Annet dêr no wenje en dat Annet in eigen lyts bedriuw yn kaarten begûn is mei de namme ‘Kaartenkantoortje Annet’, dat nei ‘Anne Post’ it âlde postkantoar no ‘Annet Kaart’ neamd wurde kin..?

.. wy in wol hiel lange winter efter ús hawwe, dat ek de fisken tige te lijen hân hawwe fan de kjeld en dat yn de feart by Hieslum in hiel soad deade fisken ûnder it iis wei kamen..?

.. Geertje Rodenburg mei die oan ‘Bijbels koken’ en fertelde dat sy de knolseldery efkes ‘balanceren’ moast..?
.. der plannen binne om lytse basisskoallen mei minder as 100 learlingen te sluten, mar dat de skoalle fan Parregea wierskynlik gjin gefaar rint om’t der wer in ‘babyboom’ oan liket te kommen..?

.. Hyltsje nei’t hy 6 wiken plat lein hie fanwege syn hernia fûn dat hy wol in karnavalsfeestje yn de Gearhing fertsjinne hie, dat hy op dat feest hielendal los gyng  en de oare deis konstatearre dat dat feest hiel goed west hie foar syn hernia, dat hy de al plande operaasje ôfsei om’t it opiens folle better mei him gyng..?

.. Enne nei it biljerten jûns noch even efter de komputer siet en dêr in oanbod seach yn Callantsoog fan in 3-gongen diner foar 2 persoanen foar 15 euro, daliks dwaan dus, dat se hearlik en  goedkeap iten hawwe, mar dat sy in pear wike letter in bekeuring fan 100 euro yn de bus krigen om’t sy op dy jûn te hurd riden hiene..?

.. der yn de Jister in ‘ouwe lullen hoek’ ynrjochte is mei in tafel mei in plúsen kleed der op foar de âldere jeugd, mar dat de jongeren dy’t  meast earder yn de Jister komme dat plak fuort ynnimme..?