WJD juni 2013

Juni 2013, WISTEN JO DAT.. ?

.. Pedro, Douwe en Jakob in wike sels iten siede moasten om’t Marianne op fakânsje wie, dat it mei dy itensiederij de earste dei sa op in mislearring útrûn dat se de oare deis mar by de famylje Breeuwsma iten hawwe..?

.. Jehannes Bakker syn wettertichte tillefoan yn de fetpanne falle liet, dat hy nei it skjinmeitsjen en in tal tillefoantsjes letter him ôffrege wêrom’t de minsken dochs sa sêft praten, dat hy der dy middeis efter kaam dat de tillefoan wol wetterticht, mar net fetticht wie, dat de lûdsprekker nammentlijk fol fet siet..?

.. Geertjan en Froukje harren hierhûs opleverje moasten yn deselde steat as doe’t se it hierden, dat der foar de skuorre mei oanboude carport by harren nije hûs yn Warkum gjin plak wie en dat Gatze de Vries dy’t skean tsjin harren oer wennet dy wol oernimme woe, dat se berekkene hiene dat ôfbrekke en wer opbouwe mear tiid nimme soe as it spul yn ien kear ferhûzje en dat dêrom 12 sterke kearels op in  sneintemiddei de skuorre mei carport nei de oare kant fan de dyk sjoud hawwe, nei’t der wol earst noch in beam omseage wie..?

.. de bewenners fan de Horstwei klear krige hawwe om 2 bankjes te krijen, dat se no noch dwaande binne mei in tafel en dat, as se dat foarelkoar hawwe,  se gesellich bûten ite, drinke en fergaderje kinne..?

Geertjan op stap wie en syn fytskaike kwyt wie, dat der neat oars op siet dan de fleks op it slot los te litten sadat hy dochs nei hûs fytse koe, dat it slot foar neat hielendal fernield is want dat de oare moarns bliken die dat it kaike gewoan yn syn broeksbûse siet..?

.. Marijke Prins betiid fan’t bêd moast en om’t der in stroomstoring west hie foar de sekerheit ek de wekkerfunksje fan har mobile tillefoan ynstelde, dat se midden yn de nacht wekker waard troch in stim dy’t sei ‘Bestemming bereikt’, dat se ûntduts dat se en de wekker en de Tom Tom oanset hie..?

.. Tamme Rodenburg by de wedstriid Hearrefean-AZ by de ferlotting in ‘wooncheque’ wûn fan 450 euro te besteegjen by Lippe Wonen, dat hy dêr tige bliid mei wie en der yn gedachten al in moaie stoel fan kocht hie, mar dat se, doe’t se by Lippe kamen, al gau seagen dat der gjin stoel komme soe, dat dêr hielendal gjin meubels ferkocht wurde, mar behang en gerdinen en sa, dat wy benijd binne wat it no wol wurden is..?

.. net eltsenien bliid is dat de Ljouwerter Krante in moarnskrante wurden is, dat Mink bygelyks bryfkes op de brievebus plakt foar Wytske om’t se middeis net mear lâns komt, dat hy har útstrieling en assertive grapkes en opmerkings mist no’t se net mear in gesellich praatsje meitsje kinne, dat Mink miskien fan it middeispraatsje in moarnspraatsje meitsje kin troch betiid fan’t bêd te kommen..?

.. de MBVO-gymklub it seizoen ôfsletten hat mei in middei midgetgolf yn Aldemardum, dat de spulrigels troch de ferskillende groepkes op hiel ferskillende manieren tapast waarden, dat der dêrtroch noch mear lake waard as oars, mar dat dat wol goed wie tsjin de kâlde noardewyn..?