WJD aug 2013

AUGUSTUS 2013, WISTEN JO DAT..?

.. as je op de fyts nei Ferwâlde geane de ôfstân nei Ferwâlde foar it tunneltsje koarter is as wannear’t je der ûndertroch binne..?

.. Joran op de earste dei fan syn fakânsjebaantsje troch de direkteur himsels ophelle waard yn in supermoaie Audi..?

.. Koos Boekema ferline jier út it bestjoer fan de Oranjeferiening gien is, mar dat hy by it doarpsfeest fan dit jier om healwei sânen moarns al werd drok oan it wurk wie, dat hy it dus noch net litte kin..?

.. Klaas B. de freeds fan it doarpsfeest mei syn auto, dy’t by de Jister stie, fuort soe mar syn autokaaien kwyt wie, dat hy nei lang sykjen syn reservekaaien fûn en doe bliken die dat syn kaaien yn de auto sieten en dat alle doarren los wiene..?

.. dyselde Klaas op de freedtejûn fan it doarpsfeest nei hûs gyng en by Us Jister twa ynbrekkers oer it mat kaam, dat dy der as hazzen fan troch giene doe’t se betrape waarden, dat se der blykber noch net lang wiene en net hiel goed op’e hichte liken te wêzen, want dat se de doar fan it hokje fan de iisbaan iepen brutsen hiene en wy ús net yntinke kinne dat se ferlegen sieten om struisâlt..?

.. Harm-Jan net oer mar neist it nije brechje fytste en dat it him noch net tafoel om wer op it rjochte paad te kommen..?

.. om’t Trienke Cnossen Heamielkeninginne wie, har heit en mem, Johan en Ellie, earegasten wiene by it heamiel, dat Johan, doe’t hy de rys op hie him ôffrege wêr’t de resinen wiene en dat doe bliken die dat dy yn in potsje neist de rys stiene..?

.. Johan-Eddy op de rotonde fan De Jouwer even net goed útseach en op de auto foar him knalde, dat de trekheak fan dy auto troch syn bumper gyng en der skea wie oan de radiateur, dat hy foar de wissichheit de auto by de buorren brocht wer’t Yme der wol even nei sjen soe, dat Yme konstatearre dat der wol floeistof op de koelribben siet mar dat hy net seker wist oft de radiateur al as net lekte, dat Tjitte der by kaam te stean en tsjin Johan-Eddy sei dat hy dat sels wol kontrolearje koe: ‘Gean der mar mei de finger troch en stek dy dan yn’e mûle, smakket it swiet dat is it kuolfleistof en is de radiator lek, smakket it sâlt dat hat de hûn der tsjinoan pisse en is de radiator yn oarder..?

.. Johan en Louise yn it wykein fan it doarpsfeest in wike op fakânsje gyngen nei de bergen yn Súd  Dútslân, dat Johan doe’t se fuortgyngen de sliep noch net goed út hie en nei 300 km ta de ûntdekking kaam dat hy syn sloffen oan hie en dat syn skuon noch thús stiene..?

.. dat de boottocht troch Doarpsbelang yn earste ynstânsje wêze soe op 21 septimber, dat op dy dei ek de rommelmerk hâlden wurde sil, dat Doarpsbelang de boottocht dêrom ferset hat nei 24 augustus òf om’t se bang binne dat de minsken de rommelmerk ynteressanter fine òf om de minsken de gelegenheit te jaan om beide aktiviteiten mei te meitsjen..?

.. by de ‘Evening Before Party’ fan Us Jister de catering fersoarge waard troch Herre Heeres mei syn ‘Hieslumersnacks’ wein, dat Djurre Zysling op de Facebookpagine fan Parregea skreau: ‘Wat is dat no wer foar nijljochterij? Doedestiids hiene wy ‘modderklútsjesop mei roekefleis’..?

..Freya en Danny in loungeset wûn hawwe, mar op in  flat mei in lyts balkon wenje..?

.. Reinder Bouwhuis in barbecue wûn hat, mar fegetatiër is..?

.. Piet Postma graach de ‘tablet’ krige hie op syn jierdei, mar dy net krige, dat dy by de Bingo wûn is troch Griet..?

.. de brannettels wol in bytsje ferfelend wiene by it wetterspul op de Trekfeart..?

.. guon fan de organisatoren fan de 50+ spultsjes dat al 25 jier dien hawwe, dat dat altyd tige wurdearre wurdt troch de dielnimmers mar ek troch it bestjoer, dat se sein hawwe dat se der mei stopje wolle, dat nije kandidaten harren no al fêst melde kinne by it bestjoer fan de Oranjeferiening, dat as der gjin misnken harren oanmelde de spultsjes foar 50-plussers yn dizze foarm ferline tiid wurde..?

.. wy werom sjen kinne op in tige slagge doarpsfeest mei in soad sinne..?

.. Jan Piet it wykein fan it doarpsfeest bisite hie fan in tal maten (hy is militair), dat dizze maten by master Piet bivakkearren, it tige nei’t sin hiene yn de tinte en dat hja op de weromreis yn de Trekfeart dûkten en doe yn de bleate kont!!! oer de Horstwei draafden..?

.. de nije Parregeaster ‘band’ mei de namme ‘Absent’ foar it earst yn it iepenbier spile yn de trailer by Us Jister tidens de ‘Evening Before’, dat de ‘band’ dy’t bestiit út Henk Labordus, Bauke de Jong, Allard Rodenburg, Hanneke Kieft en Ilja Terpstra, der geweldich útseach en dat wy noch hiel wat fan harren ferwachtsje kinne..?