WJD oktober 2013

OKTOBER 2013, WISTEN JO DAT..?

.. Hille de Vries fiif jier lyn by de ferbouwing fan it hûs fan Arjen en Linda syn hammer kwyt rekke, dat it ding nearne te finen wie, mar dat, no’t se wer oan it ferbouwen wiene, de hammer al boppe wetter kaam en dat Hille dêr tige bliid om is..?

.. Ida begjin july in sok kwyt rekke yn de wask (wa oerkomt dat net ris), dat se der alles om ôf socht en it doe mar oerjoech, dat se de sok al hast fergetten wie, mar dat, doe’t se begjin septimber op in jûn foar it earst wer in fest oan luts, net de aap, mar de sok út de mouwe kaam..?

.. yn de Boalserter Krante stie dat in 53-jierrige motorrider út Parregea syn rydbewiis kwyt rekke wie om’t hy fierstente hurd riden hie, dat it net algemien bekend is om wa’t it giet, mar dat der drok nei ret wurdt wa’t dat wêze kin, dat, doe’t Aukje Galema it lies, se tocht dat it miskien Eelco de Jong wêze koe en dat se dêrom fuort nei de w.c. rûn om te sjen hoe âld Eelco is..?

.. it fytspaad nei Blauhûs yn it tsjuster nochal gefaarlik blykt te wêzen, dat Douwe Bouma op wei nei it Blauhúster Túnfeest by Jellesma in bocht ôfsnie mar net yn de gaten hie dat hy alwer by it fytspaad wie en hals oer kop de sleat yn skeat, dat Johan de Boer op dat selde paad tsjin in skiep oan fytste dat op it paad stie en efkes letter ek noch tsjin in stek oan ried by Jellesma, mar dat dat barde doe’t hy op wei nei hûs wie nei dat feest..?

.. Teade in nêst jonge katten hie en dêrfan ien oan Klaas Johannes joech, dat nei in pear wiken de kat oan de skiterij wie, dat Klaast Johannes  pas  yn de rekken hie dat de kattebak nedich ferskjinne wurde moast doe’t de kat mei stront oan de poatsjes troch de keuken rûn..?

.. Tiemen Hiemstra op de Krabbedyk yn Dedzjum fan de trekker stapte, dat de trekker troch ried en yn de sleat bedarre, dat Leanbedriuw Bakker der oan te pas komme moast om de trekker wer op it paad te krijen..?

Charlton Nederbiel net yn syn eigen hûs komme koe en dêrom mar by himsels ynbruts..?