WJD des 2013

DESIMBER 203, WISTEN JO DAT..?

.. doe’t Eize Feenstra de goaten fan it hûs fan Postma skjin makke, de steechdoar tichtklapte en yn it slot foel, dat hy de doar net iepen krije koe en dêrom Anneke belje woe, dat hy ûntduts dat hy syn tillefoan net by him hie en doe mar om help begûn te roppen, dat net ien réagearre en dat hy der úteinliks yn slagge mei in stien de doar te forsearjen en doe de frijheit temjitte koe..?

.. de stoarm fan 28 oktober in soad skea feroarsake hat oan hûzen, beammen en auto’s, mar dat it foar de soasiale kontakten yn ús doarpen in goede saak west hat en dat eltsenien holpen hat wer’t dat nedich wie..?

.. by dy stoarm it boerd ‘te keap’ dat efter it hûs fan Postma stie fuort waaide oer de tún fan Eize en Anneke en krekt oer in auto hinne yn de Trekfeart belâne en dat it barbecuekleed fan Folmer en Anne oer de Trekfeart fleach en op it hiem fan Bauke en Jellie yn in beam  terjochte kaam..?

.. twa leanwurkers út Heech yn Dedzjum net fierder koene om’t der by Jehannes Bakker in beam oer de dyk lei, dat se op de brânwar fan Parregea wachtsje moasten en dêrom besletten yn de lijte fan de pleats te skûljen, dat dat efterôf net in goed idee wie om’t efkes letter in dakpanne nei ûnderen kaam, krekt op de holle fan ien fan de mannen, dat dy mei in ambulanse nei it sikenhûs brocht is wer’t hy 16 hechtingen krige..?

.. Tamme Rodenburg by ferskate buorren holp om dakpannen rjocht te lizzen, mar dat hy net goed nei syn eigen dak sjoen hie, dat dêrom nei trije dagen rein by him thús it behang fan de muorren kaam troch lekkerij..?

.. Klaas Bruinsma (brânwacht) beammen oan it seagjen wie en dat Pedro him fêsthâlde moast om’t hy oars fuort waaide..?

.. de gemeente Súdwest-Fryslân fanôf 1 jannewaris 2014 tige strenge regels hantearret foar de doarpen, dat dat foar Parregea betsjut dat de Gearhing en Us Jister troch de wike om 23.00 oere en op sneon om 1 oere slute moatte, dat dêrneist ek noch it oantal feesten troch de gemeente beheind wurdt, dat der op syn heechst 12 feesten yn it jier hâlden wurde meie, ynklusyf brulloften en jierdeis, dat dat fansels oan de protters raast en dat it bestjoer fan de Gearhing al in brief op poaten as protest tsjin dizze healwize regels nei de gemeente stjoerd hat..?

.. dat der fanôf 1 jannewaris 2014 ek gjin alkohol mear skonken wurde mei oan de jongerein fan 16 en 17 jier, dat it wol sneu is dat dy op âldjiersjûn nei tolven gjin bierke mear drinke meie en dat der no ek jongeren dy’t krekt 16  binne it op in sûpen sette om’t se dat oer 4 wike net mear meie..? 

.. dat Joop Wijnja op de rommelmerk 2 eintsjes seach en se daliks kocht om’t se moai pasten by de 2 dy’t hy thús al hie en 4 eintsjes noch moaier fûn dan 2, dat hy, doe’t hy der mei thús kaam, ta de ûntdekking kaam dat hy syn eigen eintsjes werom kocht hie dy’t Leny foar de rommelmerk fuort jûn hie..?