WJD feb 2014

Febrewaris 2014, Wisten Jo dat.....

.. Sybren, bernsbern fan Elske Labordus, fertelde dat beppe net doocht en dat, doe”t him frege waard wat hy dêrmei bedoelde sei dat beppe altyd sa hurd rint mei de rollator..?

.. Jinte Terpstra mei har heit nei de rommelmerk yn Snits west hie en fûn dat dy mar in gekke namme hie, namenlik in ‘luzemerk’..?

.. Eelco en Marjan op fakânsje nei Gran Canaria wiene en dat se neat oars as ellinde hiene, dat Marjan der op Skiphol fan fertocht waard dat se in bom by har hie, dat op de hotelkeamer nije flierbedekking lei dy’t ôfgryslik stonk, dat it sa’n bytsje de hiele fakânsje reinde en dat de bus dy’t harren wer nei it fleanfjild bringe soe net opdaagjen kaam (lokkich genôch koene se meiride yn de bus fan in groep Dútsers), sadat se, doe’t se wer thús wiene beide tochten ‘Parregea boppe’..?

.. Martin en Bernadette op fakânsje nei Parys soene en it fleantúch namen om’t se dan gau te plak wiene, dat der boppe Parys in swiere stoarm wie en se werom fleane moasten nei Skiphol, dat de reis fierder gyng mei de trein, mar dat dat ek net fan in leien dakje gyng om’t it troch omwaaide beammen op it spoar in ommelânske reis waard..?

.. Yme en Willeke foar de krystfakânsje in hotel yn Dútslân besprutsen hiene en dat it nei in lange reis bliken die dat der by de resepsje fan it hotel gjin reservearring op harren namme bekend wie, dat se, doe’t se besprutsen, in lyts foutsje makke hiene, dat se in keamer reservearre hiene foar kryst 2014, dat alle hotels yn de omjouwing fol sieten en dat se dêrom werom rieden nei Parregea om thús kryst te fieren..?

.. dat út in boppesteande blykt dat it goedkeaper is en minder argewaasje jout as je mar gewoan thús fakânsje hâlde..?