WJD april 2014

April 2014, Wisten jo dat.....

.. der by Folmer en Annet in babybox yn it hok stiet, dat Folmer dêr wat oars fan meitsje wol en dat no it geroft giet dat Jasper in broerke of suske krijt..?

.. Johan de Boer yn Us Jister syn tillefoan kwyt wie, dat eltsenien holp mei sykjen en dat sels de papierkoer op’e kop gyng, mar dat de tillefoan úteinliks út de bûse fan Klaas Bruinsma kaam dy’t tocht  dat it sines wie..?

.. Tiwina Bakker mei de bern yn Hieslum wie en dat Jehannes harren ophelje  soe, dat Tiwina earst in tas op de efterbank sette, de doar tichtsloech en om de auto hinne rûn om de bern ynstappe te litten, mar dat Jehannes fuortried sa gau hy de doar tichtslaan hearde, dat de bern yn triennen wiene om’t heit sûnder harren nei hûs ried en dat Jehannes pas yn Dedzjum yn de gaten krige dat hy allinne yn de auto siet en dat frou en bern yn Hieslum efterbleaun wiene..?

.. Baukje Schotanus yn de gong wie en dat Iris de doar ticht die en der foar sitten gyng en tsjin har mem sei dat se lilk op mem wie om’t se har bôle net opiten hie..? (Dat je op’e gong set wurde troch je dochter, it moat net mâller wurde!)

.. Marianne har eigenbreide sokken troch hiel Nederlân ferkocht wurde fia Marktplaats of har eigen webside, dat se dêrom oan har mem frege om sokken foar Pedro te breidzjen om’t se dat sels echt net oan tiid hie..?

.. Annie Breeuwsma 80 jier waard en dat der op har jierdei in greate poppe yn har tún stie, dat Marco dat seach en oan syn mem fertelde dat der in Saharapoppe by beppe yn de tún stie..?

.. Annie op dy dei blyndoeke waard en fia in omwei nei it hûs fan Douwe en Aukje brocht waard, dat se earst net wist wer’t se wie wylst se dêr sa lang wenne hat..?

.. Ida op in sneintejûn nei CSI New York siet te sjen, dat it tige spannend wie mei in lyk op in tsjerkhôf en in hiel soad plysjeminsken der omhinne, dat der in mobyltsje ôfgyng en mar troch rinkele, dat Ida it frjemd fûn dat der net ien op réagearre, mar dat se, doe’t it ding sa’n seis kear oergien wie, ta de ûntdekking kaam dat it lûd fan har eigen tillefoan kaam..?

.. der fiergeande plannen binne om de rige wynmûnen fan Beabuorren troch te lûken oant de Angterperleane en dat it plan al by de gemeente leit..?

.. der dit jier yn Parregea gjin sklinmakaksje komt, dat de minsken dy’t dat organisearje de plakken lâns west hawwe wer’t ferline jier ôffal wei helle is, dat se Parregea skjin ferklearre hawwe en dat se it net nedich fine dat de bern op paad geane om rommel op te rûmjen dat der net is..?