WJD april 07

april 2007, Wisten jo dat…

- Harry Zeinstra op in snein doe ’t it sa hurd waaide, in dakplaat fan de loads los gien wie, en hy die wol efkes fêst sette soe omdat er toch mar alline thús wie…

- Dat de ljedder omwaaide doe’t er op it dak siet, en dêr twa oeren wachtsje moast tot der ien kaam. Akke wie de earste dy’t him fan it dak ôf helje koe, mar troch de hurde wien koe se de ljedder net te plak sette. Doe hat se Beant mar belle foar it swiere wurk en koe Harry einliks fan it dak ôf…

- Hendrik Postma by de toskedokter wie omdat der in kies üt moast. Der bliuwde noch 1 stean oan die kant sadat de toskedokter oan him frege of hy die der ek noch efkes út skuorre moast? “Bist gek”sei Hendrik,”die brûk ik ommers noch…”

- Manus Mous de kontainer skjin meitsje soe op it stolt by de Trekfeart, mar dat hy mei kontainer en al fuort sakke yn’e feart. It hiele stalt hie it bejoen en wie fuort…

- Hendrikje de wetterkokker mei jittik út kokke hie mar ferjitten wie om him te leegjen, en Berend moarns de thee wol freslik sûr fûn…

- Margriet har hûs barricadearre wie troch Tymen en dat Margriet doe hiel bliid wie mei it kattelûkje, wer troch se de vergrendeling wer fan ‘e doar ôf helje koe!

- Annie Breeuwsma al nei in pear dagen nei it ynsjidzjen fan ‘e spinaazje bliid wie dat it al opkaam, mar dat ze nei dat se goed sjoen hie gjin spinaazje wie, mar wat ferwaaid gers fan it meanen…

- Pjirkje en Suze op Skylge wiene en dêr yn ‘e supermerk in pakje pyptabak keapje woene. De winkelfrou frege mei grutte eagen of de froulju self pyp rookten. Se koene de frou gerust stelle dat it in soevenierke foer yn fan hun manlju wie…

- Arjen de Vries mei in moaie hurde wien achter hûs yn it lân oan it buggy kiten wie, en krekt foar de sleat efkes stoer dwaan soe troch in skerpe bocht te draaien, mar de karre dit net sitten seach en stean bliuwde wer troch Arjen de sleat yn skeat…

- Marco Breeuwsma buorman Wim Hoogenhout foarby riden seach op ‘e moter foar in proef ritsje werby hy de helm net op hie.Marco ropte doe dat buorman de “mûtse fan de moter “net op hie!

- Geke sels hinnen hie efter it hûs fan de famylje Kieft, en dêr ek eltse dei hinne gie om de aaien der wei te heljen. Mar omdat de hinnen net mear aaien leien hie se se fuort dien mar dit noch net thüs ferteld. Enne wist fan neat doe Marieke Ruardi,sa as gewoanlik, aaien keapjen kaam en de oanwêzige aaien ferkocht hie.Hy hat aaien fan Douwe de Jong oan Marieke ferkocht…

- Boudewijn in pear dagen letter doe’t Geke fuort wie nei de hinnen gie om aaien te sykjen, en dat hy wol 20 minuten oan it sykjen wêst hat mar gjin hin seach. Sels yn it hinnehok fan Kieft wie gjin hin te bekennen…