WJD juni 2007

juni 2007, Wisten jo dat…
 
- Tymen mei syn famylje ütfanhüs wie op’e Veluwe. Der    binne in soad kninen. Op in kear seach Tymen in iikhoorn en seit er tsjin syn mem;”mem,  der sit in knyn yn’e beam”.
 
- Mink Zijlstra by poeisz in stokbole kocht en him meinaam nei de auto, mar dat er net iens yn’e gaten hie dat hy thús kaam mei in lege stokbole sek? Hy doe wer in nye stokbole ophelle hat…
 
- Jet Plantinga de boargemaster in bakje kofje oanbead doe hy op strjitte yn Parregea rün omdat er sa’n toast hie, en dat se hielendal oerrompele wie dat hy net foar har kofje kaam, mar om har te ridderjen…
 
- Hendrikje troch har inkel gie en doe op in stoel by de hage láns gie mei de hageskjirre om him te knippen…
 
- Der in koolmeesje yn’e hangin basket fan Henk en Hinke siet te brieden op trije eien, en dat er samar op in moarn de mem dea wie, en de eien noch krekt net út wiene…
 
- It bedriuw fan Auke en Durkje yn maaie hunderd jier bestie…
 
- Eelco en Marjan ek feest hiene omdat hun bedriuw 25 jier bestie…