WJD aug 2007

augustus 2007, Wisten jo dat…

... Joop Wynja midden yn ‘e simmer mei mûtse,sjaal en wanten  oan op it dak siet, en de buert sich ôfrege oft der  net in stekje los siet by Joop? Mar dat blieken die dat hy op jacht wie nei in wespenêst dat earne ûnder it dak siet, en dat hy it nêst mei byenkap  op dochs  fûn hat?            
         
... dat it troch de matige simmer mei in protte wyn tige drok is by de brege mei de boatsjes en dat Meinte de hiele dei by de brege oan it wurk is.

... en dat Jouke sa faak moast wachtsje dat er tsjin Meinte sei dat er de brege fêst laskje soe as er wer foar de brege wachtsje moast.

... de iepen dagen yn ‘e tsjerke drok besocht binne.

... Wiebe fan Doede en Sjoerdsje oan Ymkje freget werom se wol wist werom of Tamme syn auto op ‘e oprit stiet? Allinne Tsjitse syn mem mei der yn ride want Tamme skeurt fearsten te hurd.

... Sjoerd Rijpma 17 juli al fjirtig ier by boubedriuw Feenstra oan it wurk wie.

... Douwina mei har nichtsje yn ‘e tinte sliepe soe, mar de babytillefoan wol mei hie.

... Ruurd,Margje en Anita van Slageren dit jier mei syn tryen al hûnderd keer de fjouwerdaagse fan Nijmegen rûn ha(Ruurd 46x,Margje 35x en Anita 19x).

... skipper Karel Helder doe’t hy op fekansje gie mei Erica troch de hurde wyn en de stroom op ‘e kont dwers foar de brege fan Nijhuzum komt te lizzen, en dat it ferkeer doe fan trye kanten stie te wachtsjen.

... Erica doe mei feriende krêften har úterste best dwaan moast om it skip op de gewoane manier troch de brege te loadsen.

... Arjen op in joun oan it graven wie en de haadleiding fan it wetter stikken hie en heal Parregea sûnder wetter siet.

... hy doe op ien bleate foet en de tillefoan yn é hân by Sam en Suze kaam om de postkoade te fregjen.

... hy syn sok yn it gat fan de wetterlieding stoppe hie om it wetter te kearen.

... Damon foar it nei bed gean syn tosken poetse moast fan syn mem, mar dat hy dat al twa kear dyn hie. Op de fraag fan mem wennear dan sei er; no, juster en fan é moarn nog.

... Us Jister op 30 juny in boerespuljoun organisearre hie mei in spultsje wer ’t je sa faak mooglik mei de polsstokoerde sleat springe moasten.

... It rekord op namme fan Tjalling stiet mei 42 kear, en dat Johan de Boer dat wol efkes ferbrekke soe, mar de pols mei trye kear al bruts en hy efter oer yn ‘e dreksleat foel.

...  Boudewijn middeis thús kaam en de doar ticht fûn omdat der net ien thús wie, en hy ferjitten wie wer de kaai wie en doe mar moai op ‘e stoepe oan it wachtsjen wie.

... Elly Cnossen him doe mar mei nommen hat en him fan ite fersjeon hat. As Boudewijn no nei fam. Cnossen bellet  Elly seit “Mei dyn pleegmem”.           

... Harmen Stremler tiidens de 50+ spultsjes in beker kofje oer syn krús leeg gooide, en dat der efkes letter yn ‘e tinte it gerucht gie dat Harm it yn syn broek dien hie fan ‘e senuwen.

... Douwe Poelstra doe nei Harm syn búk seach en him lûd op ôffrege of it miskien it fruchtwetter net wie wat brutsen wie.

... Geke sneons net op it doarpsfeest wêze koe omdat se in reunie hie fan har legere skoalle, mar dat se gau kaam doe Enne har belle en sei dat der in protte minsken har misten.

... de garderobe yn ‘e tinte sneon te jouns fersoarge waard troch de jeu de boulle klub.

... se de joun fan hun libben hiene yn ‘etinte en hun de hiel joun best fermakke ha en tot it lêst oan it mei dûnsjen west ha.

... se sa in moaie pot fertsjinne ha, en se dit ek tige gunt is omdat der gjin subsiedzje foar se beskikber wie.

... Bauke in wylde baal hea hie die’t yn ‘e Trekfeart bedarre, en dat er him fan de oarre kant der wer úthelje moast.

... Johan Cnossen bargejarre krigen hie en oan it útriden wie doe it peilglês knapte en de bargejarre de trekkerkabine yn spuitte.

... de hiele kabine der ûnder siet, en Johan dus ek.

.,.. Johan him earst doest hat, dernei de trekker skjin makke hat en doe noch ris ûnder de brûs stapt is.

... Johan nachts wol by Elly yn bêd mocht as er syn earms mar ûnder de tekkens hâlde omdat die noch sa stonken.