WJD dec 2007

december 2007, Wisten jo dat.......

- Elly Cnossen de gehak panne yn ‘e gong sette om of te kuoljen, en dat de hûn se doe opfretten hat en se yn ‘e keuken wer út spuie hat?

- Anita twa spjochten by harren efter yn ‘e beam seach en dat Aukje doe rôp dat se noch noait in libjende spjocht sjoen hie?

- 3 brune hoannen, sûnder wen en ferbliuw plak, Parregea Súd ûnfeilig makken, mar dat dit wol goed wie foar de beweging foar de bewenners omdat die der mei de faaier efteroan fleagen.

- it feest fan de Gearhing foar jong en ald tige slagge is en dat it bestjoer hjir in dikke plum foar fertsjinnet!

- Douwe de Jong in sekje sâlt yn syn skoech kriich omdat er syn jas noait op ‘e kapstok hinget?

- de ôfwaskmasine fan Johannes en Annet stikken wie, en dat Johannes him ris goed skjin meitsje soe doe ’t er wer makke wie, en dit die troch him leech draaie te litten mei in hiel protte ôfwasksjippe der ien?

- doe de keukenflier fol stie mei skom?

- famylje fan Suze fan trye jier ûndogens wie en dat har mem warskôge dat se in sekje sâlt yn har skoech krye soe fan Sinterklaas, en se doe frege of se der ek in ei by kriig?

- Tjalling Rollema foar Sinterklaas spille en syn hynder doe op ‘e hol sloech, en nimmen him helpe koe?

- Jan Bouwhuis in boek útjoen hat mei âlde ferhalen der yn?

- Geke op snein frituerd hat en it op tiisdei noch stonk yn it hok?

- dat nei in grondig ûndersyk bliek dat de stekker fan de friezer út it stopkontakt lukt wie yn pleats fan de friteuse…

- dat juf Sippy har op skoalle discrimineare fielde omdat har namme meardere kearen ferjitten of net folút skrean binne en se in rectificatie easke omdat se oars drige de Paadwizer te ferlitten…

- dat Douwe fan Luut en Houkje, Gatske yn in swarte rok, blûske en in stola om, oer de brêge rinnen seach doe’t se nei in konsert fan Grietje Sprot gie, en doe mei begrutsjen sei “wat in earme frou, wat syllig”.