WJD feb 2008

februari 2008, Wisten jo dat...

- Hylke Postma op besite wie by pake en beppe, op learsen en mei dikke sokken oan. Healwei sei Hylke dat er in sok miste en dat de hiele famylje op hannen en fuoten oan it sykjen gie. De sok wie neane te fynen en doe bliek dat er oan ien foet twa sokken dien hie!

- Geke twadde Krystdei 50 jier wurden is en se efterop de auto fan Ron, op in luie stoel, troch Parregea riden is?

- se ferrast wie doe’t bliken die dat de famylje, buorren en freonen yn é Gearhing op har wachtten?

- Arjen de Vries sa entousiast oan it biljerten wie dat hy syn keu tsjin it plafon troch midden sloech

- dat Sjoerd Rijpma de keu wer makke hat en dat it hast net te sjen is dat er stikken west hat

- alle hinnen fan Fer Grijmans troch in fosk dea biten binne?

- Romke de Boer op in moandei yn syn auto nei it wurk ride soe, mar dat er neat foarút kaam?

- der in tsjil stellen wie en dat de auto op in blokje stie?

- Paul Fluttert in artikel yné Ljouwerter skrean hat oer fiadukten?

- wy no witte dat hy leaver oer in hege brêge riid omdat er dan in folle moaier útsicht hat?

- Fluttert it yn itselde artikel ek opnimt foar de brêgewagters, en mei namme foar Meinte Abma?

- dit artikel te lêsen is op de webside fan Parregea?

- de memmen fan de legere skoalle bern hielendal fan slag binne no’t de brêge ek winters al iepen stiet en se yn waer en wyn wachtsje moatte?

- Johannes de jong mar moai profitearret fan de skaatstrening fan Tjalling?

- as johannes syn auto net starte wol, hy der yn sitten giet en Tjalling alline de auto oan triuwt?

- Chantal Cnossen by Tjitse Rodenburg oan it boartsjen wie doe Tamme thús kaam. Op Chantal har fraag hoe’t syn namme wie sei Tamme; “ik hjit Tamme” Thús fertelde se dat Tjitse syn heit “in echte nep Tamme is”, Tamme Couperus is de echte Tamme!

- der op in dei hiel faak nei Hendrik en Margriet belle waard, en dat Margriet sei; lit mar it is anoniem. Dat Hylke doe tsjin Hendrik sei doe’t er thús kaam dat Annemarie wol hiel faak belle hie…

- de tegeltsjes yn’e keuken fan Johan en Elly tot trye kear op é ny plakt binne foar se goed en nei it sin sieten?

- Geartsje moarns betiid nei Suze belle om har te fregjen of Suze it hier no efkes dwaen koe, mar dat Suze sei dat it noch net koe omdat Sam ûnder de brûs stie. Geartsje antwurdde hjirop dat se wol ris faker in ûnderbroek sjoen hie?

- Suze doe sei dat Sam noait in ûnderbroek oan hie ûnder de brûs!

- op’e jûn fan de redaksje fergadering der in hiel protte stjerren oan ‘e himel stiene en dat Suze ien seach dy’t steeds fan kleur feroarre?

- Erika op moandei te joun wat witte woe oer it moandei te jouns biljerten en dit oan Hessel fregje soe dy’t dêr by sit, en se him der thüs foar bellet, en dat Hessel dus net thús wie?

- Erika troch it rút in fallende stjêr sjocht en dit seit wernei Suze stean giet en nei it rút rint en seit dat se ‘m net sjocht?

- Henk Bruinsma in oorkonde en in gouden spjilde kriig omdat er al fjirtig jier it oargel bespiellet yn Dedgum?

- De Dedgummers hoopje dat Henk dit noch jierren dwaan bliuwt!